Iesdoarp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red.
L es ----> ies nei oerlis
Rigel 1:
In '''esdoarpIesdoarp''' of '''brinkdoarp''' is ien fan de doarpsfoarmen op de sângrûnen yn Nederlân, oer it algemien ûntstien yn de [[Hege Midsieuwen]]. EskdoarpenIesdoarpen binne in soad te finen yn [[Drinte]], lykas [[Diever]], [[Orvelte]], [[Dwingelo]] en [[Vledder (doarp)|Vledder]]. Ek [[Assen]], [[Emmen]] en [[Grins (stêd)|Grins]] binne fan oarsprong esdoarpen. In oar gebiet mei in soad oarspronklike esdoarpeniesdoarpen is [[It Goai]], bygelyks [[Laren (Noard-Hollân)|Laren]]). Fierders binne se te finen yn [[Noard-Brabân]] en [[Limburch (Nederlân)|Limburch]]. Fryske esdoarpeniesdoarpen lizze yn de Stellingwerven, lykas [[Aldeberkeap]] en [[Bakkefean]], mar [[Feankleaster]] yn de noardlike Wâlden.
 
De doarpen hawwe in oantal mienskiplike skaaimerken:
#Der is in [[brink (doarpsplein)|brink]].<br>Oarspronklik lei sa’n brink oan de râne fan it doarp (fergelykje it mei it [[Ingelsk]]e ''brim'' = "râne") dêr’t de kij en skiep jûns en moarns gearkamen. Op dy brink waarden [[iik|iken]] of [[popelier]]en set om te brûken as boumaterialen. Troch it waaksen fan de doarpen kaam dy brink letter faak yn it sintrum fan it doarp te lizzen. Boppedat waarden op de brink merken hâlden, dêr’t in sintrale funksje troch krige. It moat ûnderskieden wurde fan it ier-midsieuske [[tij]], dat meastal in mear minsklike funksje hie, en dus net foar it fee.
#Der is in [[EsIes (geografy)|esies]].<br>De esies wie de mienskiplike ikker. Faak lei dy wat heger as it doarp. Dy hege lizzing is diels ûntstien troch de wize fan bedongjen fan de essen, en foar in part trochdat dy plakken al heger leinen.
#Der is in [[beek]].<br>Yn beekdellings lei meastentiids healân dat winterfoer foar it fee opsmiet.
#By de beek lâns lizze [[miede]]n, fergelykje it Ingelske ''meadow'') en healannen.<br>Dy miedlannen waarden mienskiplik beweide troch kij. De wietere healannen waarden ien kear yn’t jier meand.
Rigel 9:
#De pleatsen steane by elkoar yn it doarp.
 
Dat statyske model waard yn [[2004]] útinoar raffele en ûntmytologisearre yn it proefskift ''Het Drentse Esdorpenlandschap'' fan de Grinzer heechlearaar [[Theo Spek]]. De ûnderdielen fan it model blike tige ferskillende âlderdom te hawwen, endat binne dus net as ien gehiel ûntstien. Sa waard de seaddebedonging pas in grut tal ieuwen nei nei it ûntstien fan de esseniessen ynfierd, en bestiet der ek op ynternasjonaal nivo gjin strakke romtlike histoaryske bân tusken beide fenomenen.
[[Ofbyld:Panorama Dwingeloo Brink 20070721.jpg|thumb|800px|''De brink yn it sintrum fan it esdoarpiesdoarp Dwingeloo yn Drinte'']]
[[Kategory:Histoaryske geografy]]
[[Kategory:Stellingwerven]]