Denemark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 45:
 
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:Storebæltsbroen from Sjælland.jpg|thumb|De Grutte Beltbrêge]]
De frije merk-ekonomy fan Denemark is bot rjochte op lânbou, lytse yndustry, in hege libbensstanderd en in sterke wikselkoers, en is frijwat ôfhinklik fan hannel mei it bûtenlân. Denemark eksportearret iten en enerzjy. Denemark hat gjin skulden by oare lannen. Yn Denemark is de belesting foar produkten 25 % (ek foar boeken en iten). De belesting foar it salaris is op syn minst 39.6% foar folwoeksenen. Grutte bedriuwen yn Denemark binne: A. P. Moller-Maersk Groep (Maersk - ynternasjonaal transport), Lego (boartersguod), Bang & Olufsen (hi-fi apparaten), Carlsberg (bier), Vestas (wynmûnen), en Lundbeck en Novo Nordisk (medisinen).
 
Line 50 ⟶ 51:
 
=== Ferkear ===
[[Ofbyld:Storebæltsbroen from Sjælland.jpg|thumb|De Grutte Beltbrêge]]
De grutste eilannen en [[Jutlân]] binne meiïnoar ferbûn troch brêgen. De Sontbrêge oer de Sont nei Sweden, de Grutte Beltbrêge oer de Grutte Belt tusken Sjellân en Fún en de Lytse Beltbrêgen oer de Lytse Belt tusken Fún en Jutlân. De treinorganisaasje yn Denemark is de ''Danske Statsbaner'' foar passazjiers en frachttreinen, mar likernôch in seisde fan it net wurdt riden troch oare maatskippijen. It spoar wurdt ûnderhâlden troch Banedanmark. Kopenhagen hat in lytse metro en de rest fan de stêdekloft is mei treinspoar ferbûn. De nasjonale loftfeartmaatskippij, tegearre mei Noarwegen en Sweden, is it Scandinavian Airlines System (SAS). It fleanfjild fan Kopenhagen, ''Kastrup Lufthavn'' is it grutste fan hiel Skandinaavje. De fearboat mei de Faeröer nimt Smyril Line foar har noed. Fierders hat DFDS ynternasjonale fearboattsjinsten nei Noarwegen en Grut-Brittanje en Scandlines nei Dútslân en Sweden.