Godsoardiel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: sv:Gudsdom
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: ca:Judici de Déu; tekstwiziging
Rigel 5:
 
'''Gleone godsoardielen :'''
* ''Gleonwetterproef'' (of: ''tsjettelfang'') : Beskuldigen moasten in earm yn in amer mei siedend wetter stekke om der bygelyks in stien of in ring út te heljen.
* ''Fjoerproef'': Fertochten krige in yn waaks dompele himd oan dat yn de brân stutsen waard.
* ''Izerproef'' :In gleon stik izer moast mei bleate hannen in ein fuortbrocht wurde.
* ''Ploechizerproef'':Op bleate fuotten moast oer in tolvetal gleonhjitte ploechizers rûn wurde.
 
By dizze hjitte godsoardielen (hjitte ordalia) waard men suvere as men nei in fêststelde perioade gjin blierren hie op de bleatstelde lichemsdielen.
 
'''Kâlde godsoardielen :'''
* ''Kâldwetterproef'' : In beskuldige waard mei de earms en fuotten krúslings bûn in kear of wat yn it wetter smiten. At er net sonk wied er suvere
* ''Tsiisproef'' : Der moast in stikje tsiis mei bôle trochslokt wurde sûnder ferslokken.
* It ''[[lot]]'' : Foar gefallen dat mear as ien skuldich wêze koene.
 
== Unechte godsoardielen ==
Dan wiene der ek de ûnechte of twasidige godsoardielen. Dit wie it gefal as oankleier en bekleide har elk oan it godsoardiel ûnderwerpe moatte. Hjirûnder falle bygelyks:
* ''Twakamp'' : beide partijen litte in swurdfjochter optrede. De útslach fan it gefjoch bepaalde de úslach fan de proseduere.
* ''Krúsproef'': beide partijen moatte meide earms wiidút foar in krús stean. Wa't as earste de earms sakje liet ferlear.
* ''[[Eedhelper]]s'' waarden letter ek ta de godsoardielen rekkene.
 
De geastlikheid hie meastentiids de lieding by godsoardielen. Se hawwe eartiids ek oanstien op it hâlden fan godsgerjochten, útsein de twakamp.
Rigel 28:
 
In godsoardiel koe ek ienfâldiger krigen wurde. Yn [[Hannelingen fan de Apostelen|Hannelingen]] 1:23-26 stiet dat der lotte waard tusken Justus en Mattias om oan de weet te kommen wa't troch God as tofte apostel oanwiisd wie. Hoe't der lotte waard is net dúdlik, mar it sil soksas striekelûke west hawwe.
Yn it [[Alde testamint]] wurdt de wil fan God frege mei [[Urim en Tummim]], en der wurdt wol tocht dat dit in soarte [[dobbelstien|dobbelstiennen]]nen wiene.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 38:
[[Kategory:Midsieuwen]]
 
[[ca:OrdaliaJudici de Déu]]
[[cs:Ordál]]
[[de:Gottesurteil]]