Lispuzel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:جورچین
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: gv:Keisht haaue jeeragh; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jigsaw.png|thumb|right|200px|''typske puzelferbinings'']]
[[Ofbyld:Puzzle Krypt-2.jpg|thumb|right|200px|''Sûnder ôfbyld'']]
In '''lispuzel''' is in yn stikken snien of seage ôfbylding op [[papier]] of [[hout]], dy't wer ta ien gehiel makke wurde moat. Lispuzels wurde [[edukaasje| edukatyf]] brûkt om it observaasjefermogen en de handichheid fan bern te trenen, mar ek as ferdivedaasje foar folwoeksenen.
 
De [[Ingelsk]]e namme ''jigsaw puzzle'' ferwiist nei de [[figuerseage]] dy't brûkt waard om de earste lispuzels te meitsjen.
 
De swierrigensgraad fan in lispuzel hinget ôf fan:
* it oantal stikjes
* de foarm fan de stikjes
* de aard fan de ôfbylding
 
De foarm fan de stikjes foar in soad lispuzels is sà, dat de stikjes oan sommige siden útsteksels hawwe dy't yn in ynkeping fan in oanbuorjend stikje passe. De patroanen fan dizze útsteksels kinne regelmjittich wêze, mar foar yngewikkelder puzels binne de stikjes ûnregelmjittiger. Yn guon puzels binne alle útsteksels itselde, yn oare puzels binne se allegear ferskillend sadat it yn téory mooglik is om de puzel op te lossen sûnder nei de ôfbylding te sjen. Faak is it patroan fan in lispuzzel sà dat op alle snijpunten 4 stikjes by elkoar komme: sa'n puzel is snien mei trochrinnende fertikale en horizontale linen. Der binne slimmere lispuzels wêrby't soks net it gefal is; dêr komme de snijlinen net allinnich by inoar yn ''krusingen'' mar ek yn ''T-splitsingen''.
Rigel 38:
[[fr:Puzzle]]
[[gl:Crebacabezas]]
[[gv:Keisht haaue jeeragh]]
[[he:פאזל]]
[[hr:Slagalica]]