Kassius Dio: ferskil tusken ferzjes

→‎Libben: tf, red
(→‎Libben: tf, red)
 
== Libben ==
Lusius Kassius Dio waard as [[Grikelân|Gryk]] en soan fan Kassius Apronianus, lid fan in wichtige lokale famylje én senator, berne te [[Nicaea]] yn [[Bithynia]] (± 155 n. Kr.). Hy folget yn Nicaea in retoarenoplieding, dêr't hy ynteressearre rekke foar û.o. [[Thucydides]]. Mei syn heit ferfarde hy nei [[Rome (stêd)|Rome]] en foltôge dêr syn oplieding.
 
Neidat syn heit him yntrodusearre hie yn de Romeinske senaat wurket hy in skoft as amtner en makket opgong sa om 190 hinne ta senator. Wannear't yn 192 [[Kommodus]] fermoarde wurdt en [[Septimius Severus]] as oerwinner út de striid komt, stjoert Dio in wurkje nei Severus oer dreamen en foartekens dyen dêr't er syn troansbestiging yn foarseit. Op dizzedy wize komt Dio yn de rûnten terjochte fan de keizer en rekket mei him befreone. Oan ditdat kontakt hat er ek syn beneaming as [[praetor]] (195) en gûverneur fan in provinsje te tankjen. Yn 204 wurdt er beneamd ta konsul.
 
Dio makket fan tichteby de útspattings mei fan de soan fan Septimius, [[Karakalla]] dêr't er letter oer skriuwe sil. Hy beselskippet him op in reis troch Lyts-Aazje. Sûnt 218 reizget Dio faak rûn bûten Itaalje yn ferskate funksjes. Nei 222 begjint in nije faze yn syn karriêre. Dio wurdt efterinoar gûverneur fan ''Afrika'' (223), ''Dalmaasje'' (224 - 226) en úteinlik ''Pannoonje'' (226 - 228). Yn 229 is hy foar de twadde kear konsul tegearre mei keizer Severus, in útsûnderlike prestaasje foar in net-Romein. Lang om let keart hy werom nei Nicaea dêr't er him dwaande hâlde sil mei it ôfmeitsjen fan syn grutte histoaryske wurk.
19.977

bewurkings