Nij-Seelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ilo:Baro a Selanda
Rigel 41:
== Skiednis ==
 
Likernôch 26.500 jier lyn fûn ien fan de grutste fulkaanútbarstings út de skiednis plak op it Noarder Eilân. Troch dizzede [[Oruanui-útbarsting]], dy't grutte gefolgen hie oer de hiele wrâld) hie, ûntstie de [[Taupomar]]. Troch in erupsje yn [[181]] dy't oant Sina en yn it Romeinske ryk de loft kleure is de mar taoant syn hjoeddeistich grutte útwaaksen.
 
Der binne fynsten dien dy't wize op iere bewenning, mar dêroer bestiet lykwols gjin wissichheid. Wat al wis is, is dat tusken 500 en 1300 [[Polyneezje|Polynesyske]] bewenners, de [[Maorys]], harren op de eilannen fêstigen.
 
De earste Jeropeanen dy't Nij-Seelân oandienen wienen de Nederlanner [[Abel Tasman]] en syn bemanning,. dy't ynYn desimber [[1642]] kamen sy oan yn it noarden fan it Suder Eilân kontakten leinen kontakt mei pleatslike Maorys. De moeting ferrûn tigelykwols stoef en neidat inkele fan syn manlju deade waarden, gong Tasman fuort sûnder sels oan lân west te hawwen. Mear as in ieu letter, yn oktober 1769, arrivearre de Britske luitenant [[James Cook]], dy't wol oan wâl kaam en der yn slagge om hannel te driuwen mei de Maorys.
Sûnt 1790 waarden de wetters om Nij-Seelân geregeldwei besocht troch Britske, Frânske en Amerikaanske [[walfiskfarder]]s en wer wat desennia letter fêstigen de earste Jeropeanen har op de eilannen. As gefolch fan de Jeropeeske ynminging en de ferkeap fan wapens oan Maorys, brutsen der geregeldwei skermutselings út tusken de Maorys ûnderinoar en mei Jeropeanen. YnBy it besykjen om in ein te meitsjen oan de ûnienigens oer lân, waard op [[6 febrewaris]] [[1840]] troch fertsjintwurdigers fan de Britske kroan en wat Maory-stamhaden fan it Noarder Eilân it [[Ferdrach fan Waitangy]] tekene, dat Nij-Seelân in Britske koloanje makke en ôfspraken oer de ferdieling fan lân regele. Nei de earste ûndertekening binne ferskate kopyen troch de lannen gongen en troch noch mear stamhaden tekene, oant op it lêst sa'n 500 stamhaden tekene hienen.
 
Der wienen lykwols ferskillen tusken de Ingelske tekst fan it ferdrach en de Maori-teksten. Ek wienen der ferskillen yn ynterpretaasje. Troch skeinings fan dy ynterpretaasjes fan it ferdrach, oer en wer, rûnen de spannings geregeldweigeregeld heech op. Fral yn it tiidrek 1845-1872 hawwe in soad konflikten west dy't mei-inoar oantsjut wurde as de [[Nij Seelânkriich]]. De 'Dog Tax War' yn 1890 hat it lêste grutte wapene konflikt west. Dêrmei wie de ûnienigens net oer, mar ornaris waarden konflikten nei dy tiid foar de rjochter brocht.
 
Yn de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] en [[Twadde Wrâldkriich]] hawwe in protte Nij-Seelânske militêren as Britten út de koloanje meifochten yn it Britske leger, yn Jeropa en Afrika. De kâns op in Japanske oanfal op Nij-Seelân waard yn de Twadde Wrâldkriich ek hiel grut achte dat it leger yn Nij Seelân waard paraat holden. Dy oanfal is der lykwols net fan kaam.
 
Yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich hâlde Nij-Seelân in sterke bân mei it Feriene Keninkryk en wat in stabile ôfset marktmerke joech, mar ek in grutte ôfhinklikens. Yn 1967 gie it lân oer fan it [[Nijsieuwsk Pûn|Nijsieuwske Pûn]] op de [[Nijsieuwsk Dollar|Nijsieuwske Dollar]] as ferfanging fan it Britske muntstelsel, en ek it imperialeymperiale mjittestelsel waard ferfongen troch it metrike. Yn 1973 waard Grut Brittanje lid fan de Jeropeeske mienskip, wêrtroch de posysje fan de oare lannen fan it Britske Steatebûn minder waard.
 
Sûnt 1984 hawwe opienfolgjende kabinetten it foar it meastepart sosjalistyske en agraryske lân omboud ta in selsstannige yndustriële naasje mei in frijemerk-ekonomy, mar al mei behâld fan de sterke agraryske sektor.