Wikipedy:Wêrom soe ik meidwaan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
p0284.spl-a00.dial.wanadoo.nl (oerlis)
'Inspiratie' feroare nei 'Ynspiraasje'.
p0517.nas9-asd3.dial.wanadoo.nl (oerlis)
L Skriuw-flater
Rigel 2:
*Om't Wikipedia wier in unyk projekt is. Dit is sa't it wrâld-wiid web oarspronklik miend wie: iepen en frije útwikseling fan witten en ynformaasje.
*Om't Wikipedia waakst troch ienriediche gearwurking van hûnderten (vaaks tûzenen) frijwilligers de wrâld oer (sa neamde [[Wikipedianen]]).
*Om't meidwaan in sa'n [[Brân mar los|frije sfeer]] in soatsoad minsken oansprekt. Wikipedia hat gjin offisjieel bestjoer, gjin direksje, gjin haad- of einredakteur; eltsenien dy't meidocht hat in likegrutte stim yn it kapittel; eltsenien wurdt likefolle wurdeare. Is der in ferskil fan miening, of soe der in konflikt wêze, dan komme we dêr mei oerlis, mei repekt en mei goede manieren suver altyd wêr út, Hoe't dat kin? Om't eltsenien foar eagen hâldt wat it wichtigste is: we binne dwaande mei it meitsjen fan in unyke ensyklopedy, en dêr wolle we graach mei trochgean.
*Om't, al wie dat net wat guon minsken tochten, de kwaliteit fan de measte siden hielltiid heacher wurdt, krekt troch dat oan inoar syn bydrage feroarje en tafoegje. En om't, wat langer it projekt rint, wat mear minsken mei útdjipt witten it yn útdaging fine en doch hjir oan mei. Sa is it fernaam in âldere Wikipedia's.
*Om't it tige aardig en befredigjend wêze kin jins witten en kriich te ynvestearjen yn sa'n boeiend projekt.