Montanus de Haan Hettema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurdkar
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: stq:Montanus Hettema; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jhr. Montanus de Haan Hettema jurist te Ljouwert.jpg|thumb|''Jhr. Montanus de Haan Hettema'']]
'''Montanus (de Haan) Hettema''' ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[28 jannewaris]] [[1796]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[18 desimber]] [[1873]]) wie fan berop jurist en hâlde him dwaande mei de stavering, foarm en lûdlear fan it [[Aldfrysk]] dêr't er in protte publikaasjes oan wije lykas oer de Frysk skiednis en [[genealogy]].
== Biografy ==
Montse Hettema waard grut te Boalsert as soan fan de winkelman Hans Hettema, katolyk en patriot, en Jantje Gerbens fan Albada.
Hettema folge de rjochtestúdzje yn Grins en promovearre op 7 juny 1817. Gebrûk meitsjend fan bestjoerlike herfoarmingen slagge it de ambisjeuze Hettema, op frauduleuze wize, om de Grinzer akademy as jonker te ferlitten en yn 1815 talitten te wurden ta it Ridderskip fan Fryslân. De Hege Rie fan Adel woe lykwols neat witte fan Hettema syn oanfraach om baron te wurden. Hy boaske yn 1818 mei Eufemia Smit (1795-1858), dochter fan in Grinzer logeminthâlder en doe al mem fan in famke. Der soenen noch sechstjin bern folgje.
 
Hy wie advokaat yn Ljouwert, lid fan [[Provinsjale Steaten]] (1819-1829). It slagge him net om dêrnei noch yn de Steaten ferkeazen te wurden. Yn 1838 waard er rjochter by de [[arrondissemintsrjochtbank]]. Yn 1838 waard hy as bern oannaam troch frou De Haan, waans namme er taheakke oan syn fan, Hettema.
 
Doe't syn politike karriêre heakjen bleau, bemuoide er him mei Fryske taal- en rjochtsskiednis dêr't er ûnder ynfloed stie fan [[Bruorren Grimm|Jacob Grimm]] en [[Rasmus Rask|Rask]] en bestudearre de [[Franciscus Junius|Juniana]] yn [[Oxford]]. Foar it Frysk gie syn foarkar foar de stavering út nei it argayske Midfrysk fan [[Gysbert Japicx]]. Bygelyks [[Joast Hiddes Halbertsma]] wie syn opponint op dit mêd. Hettema's opfettings fûnen wol wjerklank yn de rûnten fan it tydkrift [[Iduna]], mei fan gefolgen dat de Halbertsma- en de Iduna-stavering mekoar in skoft bekonkurearren.
Rigel 12:
Yn de omgong mei minsken wie Hettema net maklik en ek syn wurk op it mêd fan taal en skiednis wie omstreden.
 
== Wurk ==
Under oaren:
* ''Emsiger landregt van 13''12 (1830)
* ''Beknopte handleiding, om de oude Friesche taal, voor zoo verre zij in handschriften en in oude drukken nog bestaat, gemakkelijk te lezen en te verstaan, hoofdzakelijk voor diegenen, welke eenige kennis der tegenwoordige land-Friesche taal hebben'' (1830)
* ''De Jurisprudentia Frisica'' (1834-35)
* ''35 Brieven van jhr. M. de Haan Hettema aan zijn echtgenote, verzonden tijdens zijn reis naar Kopenhagen'' (1838)
* ''Oude Friesche wetten'' (1846-51)
* ''Stamboek Friese Adel'', twa dln. (1846)
Rigel 41:
[[Kategory:Ljouwert]]
 
[[stq:M.Montanus Hettema]]