Ferskil tusken ferzjes fan "Sahel"

46 bytes grutter ,  9 jier lyn
L
r2.7.3) (Bot - derby: th:ซาเฮล; tekstwiziging
L (r2.7.1) (Bot - oars: fr:Sahel)
L (r2.7.3) (Bot - derby: th:ซาเฮล; tekstwiziging)
 
== Namme ==
De namme Sahel komt fan it [[Arabysk]]e ساحل, ''sahil'', dat 'kust' of ''grins'' betsjut, dêr't de ''kust'' fan de woastine mei bedoeld wurdt. Dêrom wurdt bygelyks de relatyf lytse kuststripe by [[Sousse (gûvernemint)|Sousse]] yn [[Tuneezje]] ''Sahel'' neamd.
 
== Geografy ==
[[Ofbyld:Senegal dry wet 540.jpg|thumb|left|250px|''In foto fan in stik lân yn Senegal. Lofts it lân yn it droege seizoen, rjochts yn it wiete seizoen.'']]
 
De Sahel is in oergongsgebiet tusken [[woastyn]] en [[savanne]] dêr't it tige skrok is en dêr't sprake is fan [[ferwoastining]] fan it oarspronklik savannelânskip. De ferwoastining is tagelyk it wichtichste miljeuprobleem. Trochstrings bedraacht de delslach sa'n 150 oant 500 mm yn it jier. It meastepart fan de rein falt yn it [[Reintiid|reinseizoen]]. Trochdat de waaksende befolking in protte (brân)hout brûkt en keppels fee de jonge leaten fan de fegetaasje opfrette, ferdwynt de fegetaasje en kin de woastyn oprukke. Foar in protte minsken is it finen fan geskikt [[drinkwetter]] in grut probleem.
 
It giet om in relatyf flak gebiet op in hichte, yn de measte parten, tusken de 200 en 400 meter. Ferskate plato’s en berchrêgen lizze yn it gebiet, mar se wurde net ta it ekologyske gebiet fan de Sahel rekkene omdat dêr oar libben is.<ref>[http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html#just], Sahelian Acacia savanna, WWF Scientific Report (sjoen op 27 oktober 2009)</ref>
 
Nei alle gedachten hat de Sahel te krijen mei [[globale sinsfertsjustering]], dat it gefolch is fan fersmoarging fan de [[atmosfear]] troch de útsjit fan ôffalstoffen. Reindrippen foarmje har yn de atmosfear troch harren fêst te setten oan swevende dieltsjes, oant se sa swier wurden binne dat se delkomme as rein. Troch de fersmoarging binne der mear dieltsjes yn de atmosfear, wêrtroch der mear drippen foarme wurde. Mear swevende drippen betsjut dat der mear ljocht fan de [[sinne]] tsjin hâlden wurdt en werom de romte yn reflektearre wurdt. Der binne ek minsken dy’t sizze dat dit alles in natuerlik barren is, en it yn it ferline op oare plakken op ierde ek bard hat. Omdat de Sahel ticht by de [[evener]] leit, kinne der sokke ekstreme temperatueren ûntstean. De wittenskiplike saakkundigens wat klimaat oanbelanget is op it stuit net folslein om in goeie konklúzje lûke te kinnen.
Yn de skiednis hat de Sahel it gebiet west fan in ferskaat oan grutte keninkriken dy’t gebrûk makken fan hannel troch de woastine. Dizze steaten wurde wol de Sahelske keninkriken neamd.
 
== Lannen ==
De neikommende lannen lizze yn it gebiet fan de Sahel. De lannen steane opnomd fan west nei east:
 
* [[Senegal]]
* [[Gambia]]
* [[Mauritaanje]]
* [[Maly]]
* [[Boerkina Faso]]
* [[Niger]]
* [[Nigearia]]
* [[Tsjaad]]
* [[Sûdan]]
* [[Etioopje]]
* [[Eritrea]]
* [[Dzjibûty]]
* [[Somalylân]]
* [[Somaalje]].
 
Ek de noardlike parten fan [[Ivoarkust]], [[Gana]], [[Togo]] en [[Benyn]] kinne der ta rekkene wurde. In protte Sahellannen hearre ta de earmste fan de wrâld.
 
== Flora en Fauna ==
[[Ofbyld:Sahel forest near Kayes Mali.jpg|thumb|right|250px|''Bosk yn de Sahel yn Maly.'']]
 
[[Wietlân|Wietlannen]] komme ek yn de Sahel foar. Se binne wichtich foar de [[migraasjefûgels]] dy’t binnen Afrika lûke of tusken [[Jeropa]] en Afrika.<ref>[http://www.worldwildlife.org/wildworld/profiles/terrestrial/at/at0713_full.html#just], Sahelian Acacia savanna, WWF Scientific Report (sjoen op 27 oktober 2009)</ref>
 
== Buorkjen ==
De earsten bewizen fan planten dy’t foar it buorkjen plante waarden yn de Sahel komme fan om 5000 foar Kristus, doe waarden kafferkoaren en rys plante. Om de selde dy’t, en yn deselde regio, waard it [[pearelhúnder]] tam makke.
 
Om 4000 foar Kristus waard it klimaat yn de Sahel en de Sahara yn rap tempo droeger. Dizze klimaat feroaring soarge derfoar dat marren en rivieren lytser en smeller waarden, wêrtroch it ferwoastinings proses op gong kaam. Hjirtroch waard it lân dêr’t op buorke wurde koe hieltyd lytser, dat der kaam in migraasje op gong fan boeremienskippen dy’t ferfarden nei [[West Afrika]].
 
== Nomaden ==
[[Ofbyld:Azawakh 52 jd.jpg|thumb|left|250px|''Sahelfolk mei harren hûnen en fee.'']]
 
Dizze manear fan libben komt hieltyd minder foar. Minsken gienen harren mei de tiid mear op ien plak setten, dit hat de reden west fan ferskate konflikten mei nomaden yn it gebiet.
 
== Sahelske keninkriken ==
De [[Sahelske keninkriken]] binne in ferskaat oan keninkriken west dy’t harren yn de Sahel setten hienen. De keninkriken krigen harren rykdom troch de hannelsrûtes troch de Sahel te kontrolearje. De macht kaam fan in grut pak oan bisten as [[kameel|kamelen]] en [[hynder]]s dy’t hurd genôch koenen om in grut keninkryk ûnder kontrôle te hâlde, ek waarden se ynset foar fjildslaggen. Al dizze keninkriken wienen desintralisearre, ferskate steden hienen sels in protte te sizzen, yn de foarm fan selsbestjoer. De earste grutte keninkriken fan de Sahel ûntstienen nei 750, mei ferskate grutte stêden by de rivier de Niger, wêrûnder Timbûktû, Gao en Djenné.
 
== Droechte ==
Yn [[1914]] hat der in grutte droechte west yn de Sahel, de jierlikse reinen wienen net bot genôch, dat der ûntstie in krapte oan wetter. Yn de sechtiger jierren fan de [[20e ieu]] foel der in soad wetter, wêrtroch de noardlike parten fan de Sahel tagonkliker waarden. Minsken ferhuzen nei it noarden, ek ûndersteund troch de regearingen fan de lannen. Mar mei it útbrekken fan in lange droege perioade, tusken [[1968]] en [[1974]], wie it net mear mooglik om dêr te wenjen. Grutte stikken fan it lân rekken ferlitten. Lykas yn 1914 ûntstie der in krapte oan wetter, mar dat waard no, foar in doel, opfong troch de ynternasjonale mienskip. Dizze situaasje let ta de stifting fan de [[Ynternasjonale Fûns foar lânbou-ûntwikkeling]].
 
}}
 
[[Kategory: Afrika]]
[[Kategory: Woastyn]]
 
[[af:Sahel]]
[[sr:Сахел]]
[[sv:Sahel]]
[[th:ซาเฮล]]
[[tr:Sahel]]
[[tt:Сәхил]]
45.936

bewurkings