Kanker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Werom sette fan ferzje 561625 fan Special:Contributions/212.203.0.54 (Meidogger_oerlis:212.203.0.54) Boartsjende Bern fan it Skoalle Mienskip Magister Alvinus
Rigel 9:
 
== Wat is kanker? ==
It wurd "kanker" is ôflaat fan it Latynske wurd "cancer", dat oarspronklik "kreeft" betsjut. De sykte hjit yn it [[Dútsk]] ek noch altiten "Krebs". De namme is ûnder oare al troch [[Galenus]] oan de oandwaning jûn, omdat yn earder tiden de sykte werkend waard oan de opfallend reade, swolde bloedfetten tichtby de swolms, dy't de artsen fan doe tinken diene oan de reade poatsjes fan in [[kreeften|kreeft]].
kanker
 
kanker
Kanker is in oandwaning dy't skaaimerke wurdt troch de ûnbehearske groei fan weefsels troch in oanhâldende seldieling. Sûne sellen yn it lichem diele (proliferearje) inkeld as soks nedich is lykas wannear't bepaalde organen oan fernijing of werstelling ta binne. By dizze selproliferaasje krije de sellen ek in spesifike foarm en grutte, ôfhinklik fan haren funksje, wat wy kenne as [[seldifferinsjaasje]]. Dizze dieling en differinsjaasje stiet ûnder ynfloed fan meardere faktoaren: de útwindige faktoaren (hormoanen, gemyske stoffen, firussen, ...) en de ynwindige sinjalen (aaiwiten dy't ûntsteane ûnder ynfloed fan spesifike regelgenen binnen de sel). Beide typen faktoaren kinne én in stimulearjende of in remjende ynfloed op de seldieling hawwe. Yn it gefal fan de ynwindige sinjalen sprekke wy fan sellulêre groeifaktoaren of groeiremmers.
kanker
 
As ien of meardere sellen ûntsnappe oan dizze regulearjende meganismen kin dêrút in lokale swolm of tumor ûntstean. By de ûntregeling fan it komplekse gearwurking fan groeibefoarderjende en groeiremjende faktoaren yn it foardiel fan de groeistimulaasje kin der selwoekering optrede. De dielende sellen (nijgroei of neoplasy) hawwe faak harren normale foarm en funksje ferlern. Wy sprekke pas echt fan in kanker yn it gefal fan de kwea-aardige (of maligne) tumors. Dizzen binne, oars as goedaardige (of benigne) tumor, yn steat om it orgaan wêryn't se ûntstien binne te ferneatigjen en net allinnich te beskeadigjen. Boppedat kinne se har ferspriede: troch in ynvaazje fan de omjouwing kinne se útgroeie oant yn it weefsel deromhinne. Eventueel kinne se har ek útsiedzje ( ek wol metastasearring) fia de bloed- en lymfestream om sa yn oare organen te bedarjen.
 
== Epidemiology ==