Blauhúster Dakkapel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L eardere ferzje wie tefolle oersetten fan de site
Rigel 1:
De '''Blauhúster Dakkapel''' is in dweilorkest. Yn de santiger jierren wie it moade om aparte wrâldrekords te betinken. Op [[24 juny]] [[1972]] spile in groep muzikanten op it dak fan âldereintehûs '[[Teatskehus]]' yn [[Blauhûs]] 3 oeren en ien kertier oanien. Dizze dakblazers krigen dêrtroch de namme Blauhúster Dakkapel.<br>
De histoarje fan de '''[[Blauhúster Dakkapel]]''' yn fûgelflecht.
Se binne dêrnei sa’n bytsje it hûsorkest by grutte kampioenskippen fan [[Thialf]] yn [[It Hearrenfean]] wurden. Se drage dan in kile dy’t makke is fan in [[Fryske Flagge]], en spylje sûnder bledmuzyk.
 
 
Begjin jierren santich waarden der ferskate kurieuze wrâldrekords festige lykas [[pealsitten]], [[kaartlizzen op'e naald fan it dak]] en gean sa mar troch. So woe in groepke muzikanten (de tsjintwurdige Dakkapellers) ek ris wat besykje. "Blaasmuzyk spylje fan in dak ôf" , en dan so lang mooglik. In geskikte lokaasje mei dak waard fûn yn Blauhûs. Op it âldereintehûs 'Teatskehus' waard op [[24 juny]] [[1972]]in muzikaal wrâldrekord fan 3 oere en 1 kertier non-stop blaasmuzyk festige. Dit barren helle de foarside fan de Ljouwerter Krante en dêrmei wie de namme "Blauhúster Dakkapel" in feit. Der is al hiel wat ôfspile yn'e rin fan'e tiid yn binnen- en bûtenlân, mar de Dakblazers binne echt bekend wurden as it dweilorkest by útstek by de EK en WK hurdriden yn it Thialfstadion yn [[It Hearrenfean]].
 
== sjoch ek: ==
 
Alles giet 'út'e bleate holle', sadat se à la minút (letterlik) ynspylje kinne op foarfallen of sitewaasjes om harren hinne, om it gehiel wat unifoarm te presintearjen keazen de jonges foar in kile dy't makke wie fan in orizjinele Fryske flagge. Op [[24 juni]] [[1997]] wie it krekt 25 jier lyn dat de Blauhúster Dakkapel syn berte belibbe op it dak fan It [[Teatskehûs]] yn [[Blauhûs]]. It fêstigjen fan nutteleaze wrâldrekords wie destiids in populêr tiidferdriuw. Silvius wie derby as trompettist. Mei fjouwer oare trompetblazers, in tubaspiler en twa slachwurkers musisearre hy trije oere en ien kerrtier oan ien trie wei. It doetiidske rekord is letter allinnich noch oanfallen troch dyselde Blauhúster Dakkapel. Yn 1986 melde it orkest him wer yn Blauhûs.
 
It fyftjintal blies doe fjouwer folle oeren troch, mei 167 ferskillende hits (sûnder bledmuzyk). Folle mear noch as de werkenbere útdossing, foarmet dat superbrede repertoire de grutte krêft fan it Snitser dweilorkest. De hearen binne der wis fan: Dat docht gjin blaaskapel ús nei. De measte oaren spylje fan papier en ferfalle nei in skoftke ta werhellings. Wy spylje alles út'e bleate holle en komme nea earne op werom", ferklearret Munniksma. De Dakkapel hat nei skatting seis- oant sânhûndert hits min ofte mear paraat.
 
 
== Boarne ==
 
[http://www.example.com www.kapel.nl], de offisjele site fan de Blauhúster dakkapel