Konstantyn de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf, red
Rigel 7:
 
== Opkomst ==
Konstantyn wie de soan fan [[Konstantius I|Konstantius Klorus]] en [[Sint Helena (hillige)|Helena]]. Tegearre mei [[Maksentius]], de soan fan [[Maksimianus]] waard hy grut brocht oan it hof fan keizer [[Diokletianus]] yn Nikomedia. Harren opfieding wie yn hannen fan [[Laktantius]], in learaar [[Latyn]]sk (en letter bekend as kristlik skriuwer). Hy waard as militêr oplaat en die mei oan inkele fjildtochten yn it easten.

Yn [[305]] as syn heit ta keizer fan it westen ynwijd is giet er mei him op fjildtocht yn [[Skotlân]] tsjin de [[Pikten]]. Syn heit stoar lykwols yn Eburacum ([[York]]) yn [[306]] en de oare keizer [[Galerius]] bepaalde dat Konstantyn him opfolgje soe, mar earst as Caesar en pas letter as Augustus (keizer). Nei [[308]] luts hy op tsjin de [[Allemannen]] en de [[Franken]] dy't it gebiet efter de [[Ryn]] ûnfeilich makken. As keizer wie hy ferantwurdlik foar de provinsjes [[Galje]], [[Brittanje]] en [[Hispanje]].
 
Op [[28 oktober]] [[312]] fersloech hy [[Maksentius]] by [[Slach by de Milvyske Brêge|Rome]], dy't de macht yn [[Itaalje]] grepen hie. Letter waard der sein dat hy by dizze oerwinning in godstsjinstige ûnderfining hie, wêrby't hy in krús seach en in stimme sizzen hearde: ''In hoc signo vinces'' (mei dit teken silsto oerwinne). [[Lisinius]] yn it easten soarge derfoar dat Maksiminus ferslein waard en troude mei Konstantyn syn suster yn [[313]]. Dêrby kamen sy oerien de ferfolgings tsjin de kristenen stop te setten. Dat waard ôfkundige yn it ''[[Edikt fan Milaan]]''. Mar al gauris waarden de twa bûnsmaten fijannen fan inoar wurden en yn [[316]] strieden sy om de hearskippij fan de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]]. Lang om let fersloech Konstantyn syn mei-keizer yn [[324]] by Adrianopel.