Yslânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: zu:Isi-Icelandic
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: nds:Ieslannsche Spraak; tekstwiziging
Rigel 3:
It Yslânsk heart tagearre mei it [[Faeröersk]] ta de westlike of eilân-Skandinavyske talen. It is net sûnder mear te ferstean foar sprekkers fan 'e Skandinavyske talen fan it fêstelân: [[Noarsk]], [[Sweedsk]] en [[Deensk]].
 
It Yslânsk wurdt mei it [[Latynske alfabet|Latynske alfabet]] skreaun, wêryn ferskillende tekens tafoege binne: ''Áá'', ''Éé'', ''Íí'', ''Óó'', ''Úú'', ''Ýý'', ''Ðð'' (''edh''), ''Þþ'' (''thorn''), ''Ææ'' en ''Öö''. De alfabetyske folchoarder is: A Á B (C) D Ð E É F G H I Í J K L M N O Ó P (Q) R S T U Ú V (W) X Y Ý (Z) Þ Æ Ö.
 
De spesjale letter thorn ([[þ]]) jout de klank wer dy't men ek tsjinkomt as de ''th'' yn bygelyks it Ingelske ''think'' (ûngefear as de [[Gryksk]]e letter Θ (theta), en de eth ([[ð]]) is dêr de stimhawwende fariant fan (as de ''th'' yn it Ingelske ''that'' of de Grykske letter Δ (delta)), lykwols stiet de letter ''ð'' yn it Yslânsk noait oan it begjin, noch de letter ''þ'' aan it ein fan in wurd. De thorn komt út it âlde [[runen]]alfabet.
Rigel 10:
Op it earste wurdlid fan in wurd leit de klam.
 
Yslân waard tusken 800 en 1000 befolke fanút West-[[Noarwegen]]. It Yslânsk hat him ûntwikkele út it [[Aldnoarsk]]. Yn Noarwegen kamen, krekt as yn 'e rest fan it Germaanske taalgebiet, yn 'e ieuwen dêrnei grutte taalferoaringen ta stân, al of net feroarsake troch de yntinsive kontakten mei de Nederdútsk sprekkende hannelsmannen fan de [[Hânze]], mar op it ôfhandige Yslân kaam dat sawat net foar en bleaunen de wurdskat en it bûgingssysteem frijwol ûnferoare. De útspraak is wol feroare. It Yslânsk besit in oantal fonemen dy't seldsum binne yn oare Europeeske talen, bygelyks in stimleaze ''l'', ''n'', ''m'' en ''r''.
 
Yn it Yslânsk is it âlde Skandinavyske bûgingssysteem dus noch hielendal yntakt. Alle haadwurden, byfoechlike naamwoorden, lidwurden, oanwyzjende foarnamwurden, besitlike foarnamwurden, eigen nammen, (rang)telwurden ensafuorthinne wurde bûge yn fjouwer namfallen, dy't foar alle trije wurdgeslachten aparte foarmen kinne. Dêrneist kent it Yslânsk noch sterke en swakke bûgingen.
Rigel 33:
It bepaald lidwurd wurdt, lykas yn oare Skandinavyske talen, efter it haadwurd plakt (''oangehecht lidwurd''), wêrtrochst foarmen krije kist as ''fjarðarins'' 'fan 'e fjord', ''fjörðunum'' 'oan 'e fjorden'. It ûnbepaald lidwurd hat it Yslânsk net. Fjörður kin dus sawol 'fjord' as 'in fjord' betsjutte.
 
In opfallend kenmerk fan it Yslânsk is it sterke [[taalpurisme|purisme]], dat in grutte ynfloed hân hat op 'e ûntwikkeling fan de taal. Wêr de oare Germaanske talen oerspield waarden mei lienwurden út it [[Frânsk]] en [[Latyn]], en de fêstelân-Skandinavyske talen boppedat mei lienwurden út it [[Nederdútsk]], hat men yn Yslân hieltyd probearre de beneaming fan nije begripen út 'e boarne fan erfwurden te heljen. It Yslânsk is in rike taal, fanwege de protte ieuwen [[sêge|sêgeliteratuer]]literatuer. Dêrtroch koene faak fergetten wurden út it ferline naam wurde om nije begripen oan te tsjutten. Sa waard 'telefoan' ''sími'', nei in âld wurd foar 'trie', en 'skerm' (byldskerm, kompjûterskerm) ''skjár'', nei in âld wurd foar 'finster'.<br />
De lêste jierren nimt it oantal lienwurden lykwols ta yn it Yslânsk.
 
Rigel 109:
[[ms:Bahasa Iceland]]
[[nah:Iztlahtōlli]]
[[nds:IeslannschIeslannsche Spraak]]
[[nds-nl:Ieslaans]]
[[nl:IJslands]]