Rients Gratama: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Rients Gratama''' is berne op [[24 jannewaris]] [[1932]] yn [[Penjum]]. Hy is kabaretier, akteur, lesjouwer en ek "droktemakker" sa’t er himsels wolris neamt. Hy is de soan fan Geart Gratama en Johanna Sjaarda. Dy wiene beide aktyf yn it doarps- en ferieningslibben. Yn 1950 ferhuze de húshâlding nei [[Ljouwert]].
 
==Biografy==
Rients Gratama gie nei de ULO yn [[Wytmarsum]] en letter nei de HBS fan Harns. Yn de fakânsje wurke Rients by de CCF. Dêrnei moast er yn tsjinst en kaam dêrnei wer by de ôfdieling bûtenlânske korrespondinsje fan de CCF. Yn [[1957]] gie hy nei Harns, wêr’t er direksje-siktaris waard by de sûkerwurkfabryk ‘Frisia’'Frisia'. Doe’t er dêr noch gjin wike wurke hie wiisde syn heit him op in atfertinsje yn’e krante fan it selskip "[[Tetman en Jarich de Vries]]". Dy sochten in nije meiwurker. Tetman kaam op in dei by him thús en dyselde jûns waard hy foarsteld oan de oare leden fan it selskip.
 
Soks wie gjin garânsje foar in súksesfol bestean, mar Rients hie alle betrouwen yn it ‘ynstitút’'ynstitút' Tetman de Vries. Yn Harns hied er in tal minsken kennen leard dy’t letter it grutte rol foar him spylje soenen: Syn lettere frou Jetske Bijlsma en de lettere cartoonist [[Cork]] ( [[Cor Hoekstra]] ), dy’t op syn beurt wer [[Jan J.Bijlsma]] (letter learaar en skriuwer) koe. Mei harren trijen foarmen se it kabaretgroepke "[[De Stikelstekkers]]". Boppedat wie Rients aktyf as muzikant by de korpsen Penjum en Weidum, dy’t beide “Harmony”"Harmony" hieten. Hy spile meast búgel mar fierder ek hast alle oare blaasynstruminten.
By it yn Fryslân toch de revu ”De"De Tiid hâldt gjin skoft”skoft" ferneamde selskip "[[Tetman en Jarich]]" sieten neist de twilling De Vries ek Riek Landman, Hinke Visser-Oostra en Kor Huisman (piano). Rients kaam yn it plak fan Klaas Westra, dy’t ornaris de rol fan âldere persoanen spile.
 
Se spilen faaks trije stikken yn ien wike: "De tiid hâldt gjin skoft", "De tiid sil’t leare" en "Kleur en Fleur". It wie in treflike learskoalle (hy skreaun teksten] dêr’t er de basis lein hat foar syn lettere karjêre. Der waard spile op provisoaryske poadiums en yn feesttinten.