De Wynberch (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2012 om 10.46

De Wijnberg is in histoarysk hotel-restaurant oan de Merkstrjitte yn de binnenstêd fan Snits.

De Wijnberg yn 1923

It hotel iepene as herberch yn 1651 de doarren. Op it plak fan it eastlike diel hie Hajo Eelkes Napjus in kearsenmakkerij, hy wie de soan fan kronykskriuwer Eelco Napjus dy't earder ek yn dit pân wenne. It gebou hie oant yn de achttjinde ieu in trepgevel en waard yn 1786 bewenne troch stedsassistint Johannes Schaaf.

Op 11 maaie 1940 waard yn it hotel de oerjefte fan de stêd oan de Dútsers tekene. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it hotel roch de Kanadeeske befrijers tydlik omdoopt yn Windsor Hotel. It hotel waard brûkt as offisiersmess. Op 30 july 1947 wie Prins Bernhard hjir oanwêzich, hy iet doe mei de Snitser gemeenterie.

Yn 1842 krijt it gebou syn hjoeddeiske foarm. It hjoeddeiske pân bestiet út twa feriene gebouwen ûnder in dwers sealdak. Under it gebou sit in wynkelder. Yn 1974 waard it gebou beskerme as ryksmonumint.