Verenigd Links - Feriene Lofts: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2012 om 10.48

Verenigd Links - Feriene Lofts is in politike partij yn Fryslân. Se is oprjochte troch SP-leden dy't it net iens wienen mei de beslissing fan it lanlike SP-bestjoer om net diel te nimmen oan de gemeenteriedsferkiezingen yn Súdwest-Fryslân.

De wichtichste reden foar de beslissing fan it lanlike SP-bestjoer wie dat it fûn dat de pleatslike SP-ôfdieling net op genôch sterkte wie om de ferkiezingen yn te gean. Hjirom stapten twa fan de trije SP-gemeenteriedsleden yn Snits - ien fan de by fúzje belutsen gemeenten - út de partij en rjochten in nije partij op, ûnder foarsitterskip fan fraksjelieder Rinus van Driel, om har dêrmei foar de ferkiezings yn te skriuwen.

Al gau krige de partij mear steun: 3 fan de 4 SP-Steateleden yn Fryslân stapten út de partij. Twa fan harren gienen fierder ûnder de flagge fan Verenigd Links - Feriene Lofts, de tredde joech syn sit op; syn ferfanger sluet him ek oan by Verenigd Links - Feriene Lofts aan. Ek twa GrienLinks-gemeenteriedsleden út it ek by de fúzje belutsen Nijefurd stapten oer nei de nije partij, yn harren gefal omdat GrienLinks op nasjonaal nivo de gemeentefúzje steund hie wylst GrienLinks Nijefurd in tsjinstanner fan de fúzje wie. Fierders stelden in pear bestjoersleden fan de anty-weryndielingsaksjegroep Fan Ûnderen op har ferkiesber op de list fan Feriene Lofts.

Fertsjintwurdiging

Yn de gemeente Ljouwert is Feriene Links fertsjintwurdige mei ien sit sûnt SP-riedslid Hendrika Zoodsma har lidmaatskip fan de SP opsei en per 1 novimber 2010 foar Feriene Lofts fierder gie.

By de gemeenteriedsferkiezingen yn Súdwest-Fryslân op 24 novimber 2010 krige de partij 1 riedssit.

Yn de Provinsjale Steaten is Feriene Lofts yn 2012 net fertsjintwurdige. By de Provinsjale Steatenferkiezingen fan 2011 helle de partij de kiesdrompel net.

Keppeling om utens