Fan Underen Op: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nl
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2012 om 10.49

Fan Ûnderen Op is in Fryske aksjegroep en feriening, dy't aktyf is yn de Súdwesthoek. Harren bekendste stânpunt is dat it draachflak foar de fúzje dy't late ta it ûntstean fan Súdwest-Fryslân ûnder de befolking ûntbruts.

De aksjegroep operearret út Koudum wei en waard benammen bekend troch har fûle striid tsjin de gemeentlike weryndieling fan de Súdwesthoek. De groep sei bang te wêzen dat de demokrasy yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân yn gefaar komd is troch de wize fan beneaming fan de earste boargemaster, Hayo Apotheker. Hjirop waard oanjefte dien tsjin alle boargemasters en riedsleden fan de eardere gemeenten. Se beskuldige harren fan meineed. De boargemaster en riedsleden hiene ûnder eed ferklearre dat der genôch draachflak wie foar de weryndieling, mar neffens Fan Ûnderen Op wie soks net sa. De aksjegroep fûn boppedat dat de gemeenten Nijefurd, Wûnseradiel en Gaasterlân-Sleat fusearje moatte soenen, ynstee fan de besteande gemeenten. Dêrta sie in referindum hâlden wurde moatte. De beswieren waarden lykwols ôfwiisd.

Fan Ûnderen Op wurdt keppele oan de lokale politike partij Totaal Lokaal. Fraksjefoarsitter Klaas Jan Semplonius komt út Fan Ûnderen Op-fermiddens. Boppedat dienen in oantal bestjoersleden fan Fan Ûnderen Op mei oan de Gemeenteriedsferkiezings 2010 op de list fan Verenigd Links - Feriene Lofts.

Bekende leden