Doch it foar dyn doarp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Doch it foar dyn doarp''' is in televyzjerige fan Omrop Fryslân. It programma begûn yn de maaitiid fan 2011. Trettjin of fjirtjin doarpen stride om de titel ''kreatyfste TV-do...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 jun 2012 om 11.00

Doch it foar dyn doarp is in televyzjerige fan Omrop Fryslân. It programma begûn yn de maaitiid fan 2011. Trettjin of fjirtjin doarpen stride om de titel kreatyfste TV-doarp fan Fryslân. Omrop Fryslân jout yn de maaitiid en simmer in healoere rjochtstreekse televyzje oan doarpen. Fan tiisdei oant en mei sneon stiet eltse wike de kamera yn in oar doarp yn Fryslân. Minsken út it doarp kinne mei dit healoere fan alles dwaan: fioelspylje, hûnesjo, sjongkoar, frikadelhappe, toanielstik, kabaret, aktualiteiterubryk of pakes en beppes oan it wurd. Wa’t soks it kreatyfste docht wint in jildpriis fan tsientûzen euro dy't beskikber steld wurdt troch it Oranje Fonds.

Neist it televyzjekonsept wurdt pleatslike advertearders tsjin geunstige kondysjes de kans jûn om te advertearen op televyzje. Foar de reportaazjes is in spesjale Doch it foar dyn Doarp truck mei oplizzer dy’t it sintrale middelpunt is by de TV-opnames. Dêrnei wurde de stickers ferfongen troch 'Simmer yn Fryslân' stickers, en wurdt de bus brûkt troch OF by simmerske eveneminten. Doch it foar dyn Doarp wurdt produsearre troch Geert van Tuinen Producties.

Dielnimmende doarpen:

2011

  • ’’’Droegeham’’’
  • Aldeboarn
  • Aldeholtpea
  • Bantegea
  • Fryske Peallen
  • Garyp
  • Holwert
  • Kollum
  • Kûbaard
  • Minnertsgea
  • Reduzum
  • Wergea
  • Wytmarsum

2012

  • Ald- en Nijhoarne
  • Aldebiltsyl
  • Akkrum - Nes
  • Boerum
  • Eastersee
  • Gerkeskleaster - Strobos
  • De Gordyk
  • Hantum - Hantumerútbuorren
  • Koudum
  • Lippenhuzen
  • Nij Beets
  • Sumar
  • De Westereen
  • Wurdum - Swichum

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: