Ferskil tusken ferzjes fan "Toer fan Miedum"

L
tkfl
(Nije Side: De '''Toer fan Miedum''' stiet oan de Canterlânswei tusken Lekkum en Gytsjerk. De tsjerketoer stiet frijwat skean. De toer hat in hichte fan 14 meter en hinget 4,72 graden ...)
 
L (tkfl)
De tsjerketoer stiet frijwat skean. De toer hat in hichte fan 14 meter en hinget 4,72 graden út it lead. Mei in hellingspersintaazje fan 8,3 % is it de skeanste toer fan Nederlân. Yn Europa stiet allinnich de toer fan [[Suurhusen]] noch skeaner. Yn de [[Tegenwoordige Staat van Friesland]] út 1786 stiet: ''Dit kleine Dorpje heeft een Kerk met een toorntje, is de 16e eeuw getimmerd. Even ten Noorden van hetzelve loopt eene dwarsvaart uit de Ee naar de wateren van Tietjerksteradeel''. De tsjerke is yn [[1834]] ôfbrutsen doe't de ûnderhâldskosten grif te heech waarden foar de lytse mienskip. De karakteristike sealdaktoer hat skouders op de hoeken en in izeren krús op it dak. Oan de westkant sit in nis en oan de eastkant is ûnder in spitsbôgenis te sjen. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e ieu. Ut de Midsieuwen is net folle mear te sjen, want de toer krige yn de 19e ieu in nije mantel, oan trije kanten fan graubrune en oan de eastkant fan giele stientsjes. Underyn sit in soarte fan plint fan stiennen yn flinke ôfmjittings, moppen en roaswinkels dy’t út de lette Midsieuwen stamme, mooglik fan de ôfbrutsen tsjerke.
[[Ofbyld:Miedum.kerktoren.nr2.jpg|thumb|''Tsjerkhôf'']]
Op 8 maaie 1957 skreau de [[Ljouwerter KrnteKrante]] ''De Miedumer toren is klaar''. De bot út it lead steande sealdaktoer stie der yn de fyftiger jierren min by. Nei in ynsammelingsaksje, dêr't J.J. Kalma yn yn brosjuere by warskôge: ''De dagen fan de Miedumer toer binne teld. It kin nog efkes duorje, it kin ek moarn wêze dat er omfalt'', waard de toer yn 1955-1956 restaurearre. Mar yn 1995 moast de toer nei fjirtich jier al wer opknapt wurde.
 
Yn de toer hongen eartiids twa klokken, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsers meinomd om omraand te wurden. Ien hjirfan kaam lykwols yn Fryslân werom, mar op it ferkearde plak: yn de tsjerketoier fan Gytsjerk. In de toer is letter in saneamd stoarmklok ophong dêr't in anekdoate by heart. Yn 1949 wie in opsichter-tekener fan in arsjitekteburo út Ljouwert dwaande om de toer op te mjitten. By ûngelok foel de doar efter him yn it slot en siet hy kelpleas opsluten. Pas nei in peqar oeren wist er de oandacht fan in foarbykommende molrider te lûken. Bepaald net ien dy't it begrutte, sa blykte út syn reaksje: „Jo sitte dêr goed". Tsjin de jûn grypte de tekener by eintsjebeslút it klokketou, wist mei lieden de oandacht fan omwenjenden te lûken en waard op't lêst út syn lijen ferlost.
1.657

bewurkings