Patriottetiid yn Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lf's, der binne nou lemmas oer dizze minsken in de Nederlandske Wikipedia
Rigel 22:
 
== Unrêst yn Boalsert ==
[[Ofbyld:1750 0nder de pilaren.jpg|thumb|left|300px|De dille (= brêge)[[Tille]] by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, wêr't de trekschuiten fan hynder wiksele waard]]
Yn de simmer fan [[1787]] lôge it konflikt op, net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer waard ferbean oan eksersysjes mei te dwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, by de driging fan in Prusyske ynfal, Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan [[Court Lambertus fan Beyma]], de lieder fan de Fryske patriotten, ferskânze him doe yn [[Frjentsjer]]. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in oantal definsive maatregelen nomd: it stedje is binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út [[Siegen]] ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it [[Steatske leger]].<ref>Letter troch justysje ''hate fanwege syn bedaarde kriichskunde''.</ref> Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.