Muorre fan Antoninus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: be:Вал Антаніна
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ro:Zidul lui Antoninus; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Hadrians Wall map.png|thumb|200px|right|Lokaasje fan de Hadrianuswâl en de Antoninuswâl yn Skotlân en noardlik Ingelân]]
De '''Muorre fan Antoninus''' of Antoninuswâl is in ferdigeningswal fan [[turf (brânstof)|seaden]] en stiennen dy't troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] boud waard yn wat tsjintwurdich de [[sintrale belt]] fan [[Skotlân]] is. De muorre rint oer 60 kilometer fan [[Old Kirkpatrick]] yn [[West Dunbartonshire]] op de [[Firth of Clyde]] oant [[Bo'ness]], [[Falkirk (council area)|Falkirk]], op de [[Firth of Forth]].
 
Rigel 7:
Mei de bou wienen de Romeinen fan doel dizze yn it plak komme te litten fan de [[Muorre fan Hadrianus]], sa'n 160 km nei it suden ta, om dêrmei de grins fan [[Brittanje]] fierder nei it noarden op te skowen. Mar wylst de Romeinen dwaande wienen tydlike fortifikaasjes te bouden en kampen foar it leger oan te lizzen, slagge it harren net om de [[Kelten|Keltyske]] befolking yn it noarden te passifisearjen en hienen te krijen my ferskate oanfallen. De Romeinen neamden it lân te noarden fan de muorre ''[[Caledonia]]'' en harren bewenners [[Kaledoanjers]].
 
[[ImageOfbyld:Antonine wall.JPG|thumb|200px|left|De Muorre fan Antoninius, eastlik fan Barr Hill tusken Twechar en [[Croy, North Lanarkshire|Croy]]]]
De Muorre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianusmuorre, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochte as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide grêft en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa milen in fort. It bêst oerbleaune fort mar ek ien fan de lytsten is dy fan [[Rough Castle Fort]].
 
[[ImageOfbyld:Antonine.Wall.Scotland.02.JPG|thumb|200px|right|De Antoninus Muorre, Romeinske oerbliuwsels, Barr Hill, tichtby Twechar]]
Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn [[164]] lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn [[197]], arrivearre keizer [[Septimius Severus]] yn [[208]] yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorje, dochs waard de wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de '''Severuswâl'''.
 
Rigel 16:
Hoewol't de muorre troch de tiid hinne goed te lijen hân hat en yn distiid sawat alhiel ferwoaste is, binne der noch hieltyd stikken fan de muorre te sjen yn [[Bearsden]], [[Kirkintilloch]], [[Twechar]], [[Croy, North Lanarkshire|Croy]], [[Falkirk, Scotland|Falkirk]] and [[Polmont, Scotland|Polmont]].
 
== Sjoch ek ==
* [[Skiednis fan Skotlân]]
* [[Brittanje]]
Rigel 22:
* [[Romeinske oermastering fan Brittanje|Ferovering fan Brittanje]]
 
== Keppeling om utens ==
* {{en}} http://www.athenapub.com/antwall1.htm
* {{en}} http://www.roman-britain.org/frontiers/antonine.htm
Rigel 55:
[[pl:Wał Antonina]]
[[pt:Muralha de Antonino]]
[[ro:Zidul lui Antoninus]]
[[ru:Вал Антонина]]
[[sh:Antoninov zid]]