Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 23:
::::Minsken, de side oer [[Wikipedy:Putsje/Apollo 11|Apollo 11]] is aardich folslein wurden, tinkt my. Ik soe graach dy side útstelle wolle as de 25.000e side fan ús Wikipedy. Mar allinnich as oare meidoggers gjin bettere alternativen hawwe. As der al oare útstellen foar in 25.000e side binne, lit it dan hjir efkes witte sadat wy dan noch in stimming hâlde. Ik ferwachtsje dat wy yn juny noch oan de 25.000e side ta komme, dat de tiid driuwt. Fierders moatte wy noch in parseberjocht meitsje. Wa docht dat? Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|talk]]) 7 jun 2012, 22.29 (CEST)
:::::Sûnt de lêste tasizzing [http://fy.wikipedia.org/wiki/Meidogger_oerlis:Kening_Aldgilles#Temasiden_2 hjir] fan Aldgilles ha'k in moai skoft ôfwachte mar dochs ek in bytsje trochpield doe't it my te lang duorre. No't ik dy siden der hjoed by setten haw blikt de teller oer de 25.000 gien te wêzen. By weromtellen moat dat [[Doch it foar dyn doarp]] west hawwe. Apollo 11 is wol in aardich stikje, mar dat sil no efkes wachtsje moatte oant de 30.000e side. It parseberjocht waard eartiids troch Mysha opsteld, mar dy hat al al skoft net op 'e lapen west. In berjocht hoecht der om my ek net te kommen, in wikipedy moat himsels bewize. --[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 8 jun 2012, 11.57 (CEST)
::::::Lokwinske minsken. In machtige prestaazje dy't hjir levere is! Spitich dat it net Apollo 11 wurden is, dat is dochs in skitterende side wurden. It parseberjocht wie wol wat west. In Wikipedy moat himsels bewize, mar alle bytsjes omtinken dy't wy foar de Fryske Wikipedy behelje kinne is wichtich om de mienskip libbend te hâlde en ek foar de mienskip sels is it dochs alderaardichst om sa no en dan ris yn it nijs te kommen. It is foar de minsken dy't hjir tige warber binne dochs moai om yn de kranten te lêzen wat hja dien hawwe. [[Meidogger:J'88|J'88]] ([[Meidogger oerlis:J'88|talk]]) 11 jun 2012, 10.38 (CEST)
 
== Ingelske ynslûpsels ==