Fisigoatyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: et:Läänegootide kuningriik; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:CoronaRecesvinto01.JPG|right|thumb|200px|kroan fan kening Resdeswinth (653–672)]]
It '''Fisigoatyske Ryk''' wie in [[Jeropa|Jeropese]] keninkryk tusken de [[5e ieu|5e]] en de [[7e ieu]], dat yn Súd-[[Galje]] stifte waard troch it [[Germanen|Germaanske]] folk fan de [[Fisigoaten]] doe it [[Romeinske Ryk]] healwei de [[5e ieu]] harren gesach bûten [[Itaalje]] kwyt rekke.
 
== Opkomst ==
Yn de [[4e ieu]] waarden de Fisigoaten, troch de ynfallende [[Hunnen]] ferdreaun út [[Daasje]] en krige sy fan de Romeinen tastimming om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Lykwols ferrûn de yntegraasje fan de Fisigoaten as bûnsmaten min; hja waarden striemin behannele en der hearske hongersneed. Under lieding fan [[Fritigern]] kamen de Fisigoaten yn opstân en der bruts in oarloch út dy't einige mei in skitterjende oerwinning op de Romeinen op [[9 augustus]] [[378]] yn de [[Slach by Adrianopel]]. Nei de oerwinning hienen de Fisigoaten frij spul op de [[Balkan (skiereilân)|Balkan]] omdat it Romeinske leger ferneatigje wie. Mei de nije keizer [[Teodosius I]] waard in frede sletten dy't gruttendiels stân hâlde soe oant [[395]].
 
Under it bewâld fan kening [[Alarik I|Alarik]], wiksele in ûnrêstige frede him ôf mei konflikten tusken Alarik en de machtige Germaanske generaals dy't befel fierden oer de Romeinske legers, en dy't it feitlik foar it sizzen hienen yn it Ryk. Nei de moard op de westlike genereaal [[Stilicho]] yn [[408]] rekke Alarik yn it foardiel. Hy foel Itaalje yn en teach op nei [[Rome (stêd)|Rome]] dat op [[24 augustus]] [[410]] troch him ynnommen waard.
 
== Keninkryk yn Akwitaanje ==
[[Ofbyld:Europe map 450.PNG|right|thumb|250px|It keninkryk Akwitaanje]]
Neidat inkele jierren letter de frede opnij wersteld wie, stie keizer Honorius de Fisigoaten yn [[418]] ta harren yn de provincie [[Akwitaanje]] te fêstigjen. Neigeraden dat de Romeinske machtsstruktuer hieltyd fierder ynstoarte en dêrtroch de ynfloed fan Rome lytser waard, wie fan [[425]] ôf ûnder kening [[Diderik I]] al sprake fan in folweardich keninkryk. Under syn bewâld ferspraten de Fisigoaten harren oer hieltyd gruttere parten fan Galje en lutsen sy de [[Pyreneeën]] oer, nei [[Spanje]] ta. Yn Spanje troffen sy in selde situaasje. De Fandalen en Alanen hienen de leechte opfold dy't it ynstoartende Romeinske Ryk efterlitten hie. Yn in rige skermutselings waarden de Alanen yn [[426]] troch de Fisigoaten ferpletterjend ferslein en lutsen de Fandalen harren tebek nei [[Andalúsje]]. Fan der út stutsen hja lang-om-let yn [[420]] oer nei [[Noard-Afrika]] wat it lân frijliet foar de Fisigoaten. Yn it bercheftige noarden fan Spanje koenen de [[Basken]] en de [[Sueven]] harren lykwols handhavenje.
 
== Grutste útwreiding ==
[[ImageOfbyld:Visigoth Kingdom.jpg|thumb|left|200px|It ryk fan de Fisigoaten]]
Noch foardat it [[West-Romeinske Ryk]] yninoar stoarte, waard ûnder de twadde grutte kening fan de Fisigoaten, [[Eurik]], al folsleine ûnôfhinklikens ôftwongen. Under syn bewâld foarme it Fisigoatyske ryk it machtigste ryk yn West-Jeropa. Sa om [[500]] hinne berikte it keninkryk syn grutste útwreiding.
 
== Delgong ==
=== De slach om Galje ===
Mei de opkomst fan it [[Frankyske ryk]] fan kening [[Klovis]] ûntstiene stadichoan spanningen oan de noardgrins van it Fisigoatyske ryk. Dizze spanningen waarden serieus doe't Klovis in bûnsmaatskip sleat mei de [[Boergonden|Boergondyske]] kening [[Gundobad]]. Nei wat lytsere territoriale konflikten krigen de spanningen hieltyd faker in godstsjinstich karakter. De Franken en Boergonden, beide [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike]] folken, krigen stipe fan de Katolike tsjerke yn Galje. De Fisigoaten, dy't sels [[Arianisme|Arianen]] wienen, waarden fan binnenút ûnder druk set troch harren Katolike Gallo-Romeinske befolking. Fanút de katolike tsjerken rôpen de biskoppen de befolking op om yn ferset te kommen tsjin de Fisigoaten. As reaksje hjirop waarden de biskoppen fan Limoges en Arles gizele. Dat wie foar Klovis reden om de Fisigoatyske kening [[Alarik II|Alarik]] mei oarloch te driigjen.
 
Om in ein te meitsjen oan de oarlochsdriging, rôp Alarik de bemiddeling yn fan syn skoanheit, de [[Ostrogoaten|Ostrogoatyske]] kening [[Diderik de Grutte]]. Tanksy syn bemiddeling kaam der yn [[506]] in fredesferdrach tusken Klovis en Alarik.
Rigel 23:
Klovis wie lykwols net fan doel him oan it ferdrach te hâlden. Yn de maaityd fan [[507]] foel hy tagelyk mei kening [[Sigebert]] fan de [[Ripuaryske Franken]] en kening Gundobad fan de Boergonden, it Fisigoatyske keninkryk oan. Yn de [[Slach fan Fouillé]] waarden de Fisigoaten folslein ferslein en foel kening Alarik yn Frankyske hannen. Hy waard eigenhannich fermoarde troch Klovis. It restant fan it Fisigoatyske leger flechte nei it suden en luts har werom yn [[Septimaanje]]. Klovis gong oer ta it ferdylgjen fan de lêste fersetshurden. Syn soan [[Teuderik I fan Austraasje|Teuderik]] waard belêste mei de oermastering fan [[Celtica]], wylst hy sels opluts tsjin de [[Basken]]. De oermastering fan Septimaanje waard oerlitten oan Gundobad.
 
Yn Septimaanje ferskânzen de Fisigoaten harren yn in oantal goed te ferdigenjen stêden: [[Carcassonne]], [[Béziers]], [[Nîmes]] en [[Arles]]. Alhoewol't alle stêden lang belegere waarden en de lândbougrûnen yn 'e brân stutsen, wienen de Boergonden net by steat om de stêden yn te nimmen. Doe't yn [[508]] úteinlik de Eastrogoten harren mei de striid bemuoiden waarden Arles en Avignon ûntset en de Boergonden fuortjage. Septimaanje soe Fisigoatysk bliuwe, mar de rest fan Galje gong foar altyd ferlern.
 
== Sjoch ek ==
* [[List mei Fisigoatyske keningen]]
 
Rigel 39:
[[eo:Regno Visigota]]
[[es:Reino visigodo]]
[[et:Läänegootide kuningriik]]
[[eu:Bisigodoen Erresuma]]
[[fi:Visigoottien valtakunta]]