Thomas Hardy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: hy:Թոմաս Հարդի
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: my:ဟာဒီ၊ သောမတ်စ်; tekstwiziging
Rigel 4:
 
== Libben ==
Hardy waard berne as soan fan in stienhouwer en pleatslik ûndernimmer. Syn mem Jemima wie tige belêzen en ûnderwiisde him foar't er mei acht jier nei de legere skoalle yn Bockhampton gie. Fan master Last learde er [[latyn]] en liet er al akademysk potensjeel sjen. <ref>Claire Tomalin, Thomas Hardy: the Time-torn Man (Penguin, 2007) siden.30,36.</ref> Lykwols, syn famylje hie it jild net om him studearje litte te kinnen, dat skoalle hâlde op doe't er 16 jier wie. Hy folge fan 1862 – 1867 in oplieding ta [[arsjitekt]] yn [[Dorchester]] en kaam yn de lear by John Hicks, in pleatslik arsjtekt. It berop fan arsjitekt hat er in tal jierren útoefene yn [[Londen]]. Hy wûn twa arsjitektuerprizen, him takend troch de ''Royal Institute of British Architects'' en de ''Architectural Association.<br />
Hardy hat him nea thús field yn Londen. Hy wie him altyd bewust fan klasseferskillen en fielde him maatskiplik minderweardich. Hy gie werom nei Dorset en besleat him hielendal ta te lizzen op de skriuwerij. Syn eftergrûn en ûnderfinings yn it arsjitektewurk is werom te finen yn syn boeken.
 
Dwaande mei in restauraasje oan de tsjerke fan [[St Juliot]] yn [[Cornwall]],<ref>Gibson, James (ed.) (1975) Chosen Poems of Thomas Hardy, Londen: Macmillan Education; s.9.</ref> moete Hardy [[Emma Lavinia Gifford]] en rekke fereale; sy trouden yn 1874.<ref>{{aut|Hardy, Emma}} (1961) ''Some Recollections by Emma Hardy; with some relevant poems by Thomas Hardy''; redaksje troch Evelyn Hardy & R. Gittings. Londen: Oxford University Press</ref> Letter rekke er ferfrjemde fan Emma. Sy stoar yn 1912, har dea hie in traumatysk effekt op him. Nei har dea reizge Hardy nei Cornwall om de plakken út harren ferkearingstiid nochris te sjen. Syn ''Poems 1912–13'' binne oantinkens oan har ferstjerren. Yn 1914 boaske Hardy mei syn sekretaresse [[Florence Dugdale|Florence Emily Dugdale]], dy't 39 jier jonger as him wie. Hy bleau lykwols dwaande mei syn earste frou en besocht syn berou oer te kommen troch oer syn ferlerne leafde te dichtsjen.<ref>[http://www.bbc.co.uk/wiltshire/entertainment/days_out/thomas_hardy_stourhead.shtml "Thomas Hardy at Stourhead"] ''[[BBC Online|BBC.co.uk]]'', 10 maart 2004 (Rieplachte: 5 novimber 2009)</ref> Florence kaam sa yn Emma's skaad te stean en hat der in protte fertriet fan hân.
 
Hardy krige [[pleuritis]] yn desimber 1927 en stoar yn jannewaris 1928. Op syn stjerbêd hat er syn lêste gedicht oan syn frou diktearre. De begraffenis wie op 16 jannewaris yn [[Westminster Abbey]]. Dit wie in wat tsjinstridige saak, want Hardy en syn famylje en freonen hiene wollen dat er by syn earste frou Emma yn it grêf kaam yn [[Stinsford]]. Syn testemintêr-eksekuteur, Sir [[Sydney Carlyle Cockerell]], stie der lykwols op dat Hardy byset waard yn de ferneamde ''Poets' Corner'' fan Westminster Abbey. Men berikte in kompromys troch syn hert yn Stinsford by Emma te bedobjen, en syn jiske yn de de 'Dichters hoeke' by te setten.
[[FileOfbyld:Hardy monument.jpg|thumb|180px|Thomas Hardy monumint yn Dorchester]]
 
== Wurk ==
Rigel 91:
[[ko:토머스 하디]]
[[la:Thomas Hardy]]
[[my:ဟာဒီ၊ သောမတ်စ်]]
[[mk:Томас Харди]]
[[nl:Thomas Hardy]]