Ferskil tusken ferzjes fan "Filippus Arabs"

L
r2.7.3) (Bot - oars: ru:Филипп I Араб; tekstwiziging
L (r2.7.1) (Bot - derby: diq:Arap Philip)
L (r2.7.3) (Bot - oars: ru:Филипп I Араб; tekstwiziging)
Timesteus wie op dat stuit tige súksesfol yn de militêre kampanje tsjin de Perzen en ferstoar hommels troch in sykte as Filippus op it skiednistoaniel ferskynt as syn opfolger. De striid tsjin de Perzen set him troch en yn it begjin fan [[244]] hawwe de Romeinen te krijen mei in sterke Perzyske tsjinoanfal dy't neffens de Perzske boarnen út dy tiid einige mei in oerwinning op de Romeinen yn de slach fan Misiche (tichtby it moderne Fallujah yn Irak) en de dea fan keizer Gordianus III. Dizze nederlaach wurdt yn de Romeinske boarnen net neamd en de dea fan de keizer wurdt suggerearre fierder wei, oan de boppestream fan de [[Eufraat]]. Lettere boarnen hawwe Filippus dy't him opfolge, oanwiisd as de moardner fan Gordianusm, mar de krekte omstannigens fan syn dea binne net bekend.
 
== Keizer ==
Sadree hy keizer wurden is keapet Filippus in ûngeunstige frede mei [[Shapur I]] om him fuort op famyljesaken te konsintrearen. Hy joech syn broer [[Priskus]] it gesach (as ''rector Orientis'') oer it eastlike part fan it ryk, skonk syn seisjierrige soantsje [[Filippus II]] de titel ''Caesar'' en sy frou [[Otasilia Severa]] de titel ''Augusta'' (ferhevene, keizerin). Dêrnei giet er nei Rome om syn gesach troch [[Romeinske senaat|senaat]] befêstige te litten.
 
Fan [[245]]-[[247]] hâlde hy him dwaande de grinzen fan it Romeinske ryk te ferdigenen (de [[Donau]]) tsjin de [[Kapry (folk)|Kapry]] en de [[Germanen]], wêrnei hy yn [[247]] yn triomf weromkomd en syn op dat stuit 9- of 10-jierrige soan ta meikeizer ferheft.
 
== Ein ==
Neffens de skriftlike boarnen hat Filippus syn ûntslach yntsjinne wolle by de senaat, mar waard fan dizze stap wjerhâlden troch de senator en stadsprefekt [[Desius|Trajanus Desius]]. Dizze waard troch Filippus as nij kommandant oanstelle fan de yn Moesje en Pannoanje om de oarde te werstellen. Desius slaggee yn dizze opdracht, mar troch syn troepen waard hy yn [[249]] as keizer útroppen en rukten op nei Rome. De troepen fan Filippus en Desius rekken yn de hjerst fan [[249]] slachs meiïnoar, wierskynlik by [[slach by Ferona (249)|Ferona]] (Itaalje). Filippus sneuvele yn de striid.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/philarab.htm {{Aut|Michael L. Meckler and Christian Körner}}, artikel oer Philip the Arab and Rival Claimants of the later 240s, yn ''DIR'' (1999).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizer]]
[[pt:Filipe, o Árabe]]
[[ro:Filip Arabul]]
[[ru:Филипп I Араб]]
[[scn:Filippu l'Arabbu]]
[[sh:Filip Arabljanin]]
45.902

bewurkings