Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: si:රෝද පුටුව
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: jv:Kursi rodha; tekstwiziging
Rigel 6:
 
== Oer rolstuollen ==
In rolstoel is in [[stoel]] mei [[tsjil|tsjillen]]len, en ôfhinklik fan it model:
 
* beweget de persoan dy't yn de rolstoel sit himsels foarút mei de [[hân|hannen]];
Rigel 27:
 
=== Frame ===
It Frame fan in moderne hânbewege rolstoel is in frame besteande út ien stik as is opfouber en makke fan in metaal legering as composiet materialen. ûnder mear; [[titanium]], [[aluminium]], [[karbon]] en [[cromolybdeen]]. In rolstoel mei in opfouber frame wurd faaks as maklik mei te nimmen sjoen mar oan in opfouber frame sitte ek in soad losse ûnderdielen en nimt dêrtroch in soad romte yn, en is minder stabyl as in fêst frame dat bestiet út ien stik. In rolstoel mei in opfouber frame is dan ek minder geskikt foar yntinsyf gebrûk. De meast brûkte opfousysteem is dy mei in fertikale x ek wol X-brace neamd. foar dit opfousysteem waard yn [[1933]] patent oanfrege troch de Amerikaanske fabrikanten Everest and Jennings. Moderne opfoubere rolstuollen ha tsjintwurdig ek wol in opfousysteem mei in horizontale x en der binne rolstuollen wêr't de rêchleuning foaroer klapt wurde kin en de fuottensteun efteroer. By fêstframe rolstuollen komme meardere soarten frame's foar. De Boks frame, de heal boks frame, de minimaal frame en de trije tsjil T frame. Dat lêste frame soart wurdt foaral brûkt by rolstuollen foar tennis en wheelen mar en ek wol by berne rolstuollen. De minimal frame waard yn 1985 foar it earst tapast troch de [[Switserlân|Switserske]] atleet en rolstoelfabrikant [[Rainer Küschall]].
 
=== Jasbeskermers en Earmleuningen ===
Rigel 45:
 
=== Tsjillen ===
Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faaks fjouwerentweintich inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk en tydlik gebrûk sitte se ek faaks ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjillen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintig speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elkoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjillen mei gewoane speake wurd faaks speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de [[finger]]s fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrig lyts berntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunststof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfoar en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faaks fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen.
De foartsjillen binne faaks fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstân. rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk ha faaks gruttere foartsjillen. Ôfhinklike fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.
 
Rigel 88:
==== Middentsjil-oandriuwing ====
[[Ofbyld:Wheelchair Racing Parapan 2007.jpg|200px|thumb|right|In sportrolstoel foar de sport wheelen]]
De middenstjil-oandreaune rolstoel hat de oandriuwing op tsjillen dy't yn it midden steane fan de rolstoel en derom hat in middentsjil oandreaune rolstoel seis tsjillen. in grut foardiel fan de middenstil-oandriuwing is dat de rolstoel maklik draaie kin yn lytse romten. In neidyl fan in rolstoel mei de oandriuwing yn it midden is dat se fêst kinne komme te sitten op obstakels. Derom wurd dizze oandriuwing faaks brûkt by rolstuollen dy't allinne binnen brûkt wurde.
 
==== Eftertsjil-oandriuwing ====
Rigel 125:
* [[Rolstoeldûnsjen]]
 
=== Elektryske sportrolstoel ===
Dizze rolstuollen kinne tige fluch ride, fan tretjin en in heale kilometer yn it oere ôf, en binne tige manûfrearber. Dy rolstuollen ha ek in bumper oan de foarkant om de rolstoel en de persoan dy't der yn sit te beskermjen by it botsen. Yn ús lân wurde dy elektryske sportrolstuollen foaral brûkt foar [[rolstoelhokky]]
 
Rigel 168:
[[it:Sedia a rotelle]]
[[ja:車椅子]]
[[jv:Kursi rodha]]
[[ko:휠체어]]
[[nl:Rolstoel]]