Margareta fan Savoaie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: pt:Margarida de Áustria (1480-1530); tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Bernaerd van Orley 002.jpg|thumb|''Margareta fan Eastenryk as widdo, skildere troch [[Bernard fan Orley]]'']]
[[Ofbyld:Margaretha van Oostenrijk.jpg|thumb|''Stânbyldfan Margareta fan Eastenryk yn Mechelen'']]
'''Margareta fan Eastenryk''' ([[Brussel (stêd)|Brussel]], [[10 jannewaris]] [[1480]] - [[Mechelen (stêd)|Mechelen]], [[1 desimber]] [[1530]]) wie [[hartoch|hartoginne]] fan [[Savoye (lân)|Savoye]], [[lânfâd|lânfâdesse]]esse fan de [[Lege Lannen|Nederlannen]], en de ienige dochter fan keizer [[Maksmiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk|Maksimiliaan I fan Eastenryk]] en [[Marije fan Boergonje (hartoginne)|Marije fan Boergonje]].
 
By de [[frede fan Atrecht (1482)]] tusken [[Loadewyk XI fan Frankryk]] en har heit waard bepaald dat de twajierrige Margareta har ferlove mei de doe trettjinjierrige [[Karel VIII fan Frankryk|Karel VIII]], de Frânske [[Dauphin (kroanprins)|dauphin]]. Margareta groeide op oan it Frânske hof. Neidat Maksimiliaan I yn [[1491]] by folmacht boaske mei Anne, de erfdochter fan it hartochdom Bretanje, grypte Karel VIII yn. Hy twong [[Anne fan Bretanje]] om mei himsels te trouwen. De opside skode Margareta waard yn [[1493]] by de [[Frede fan Senlis]] oan har heit, Maksimiliaan, weromjûn.
Rigel 7:
Yn [[1497]] reizge Margareta per skip nei Santander yn Spanje. Op 3 april 1497 boaske se yn Burgos mei [[Johan fan Aragón|Johan fan Kastylje]], de troanopfolger fan [[Spanje]]. Dy beswykte lykwols fiif moanne letter oan [[tuberkuloaze]]. In pear moanne letter krige Margareta in deaberne dochter.
 
Op [[5 maart]] [[1500]] kaam Margareta oan yn [[Gint]], dêr't de berte fierd waard fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel]] (de lettere keizer Karel V), de soan en erfopfolger fan har broer Filips de Moaie. Op [[28 novimber]] [[1501]] boaske se mei hartoch [[Filibert II fan Savoye]], mar se ferlear har twadde man amper trije jier letter: Filibert stoar nei in jachtpartij op in gleone dei, doe't hy in soad iiskâld boarnewetter dronken hie. Margareta naam har doe foar om oant de ein fan har dagen de widdokape te dragen en ferwurde har rougefoelens yn Frânsktalige gedichten.
Hja liet in tsjerke sette tyn it Frânske Brou tichtby [[Bourg-en-Bresse]], as oantinken oan har man.
 
Rigel 18:
Opnij behertige se benammen de belangen fan [[Habsburch]]. Ien fan har súksessen wie de ferkiezing fan Karel V ta keizer ([[1519]]), wêrtroch't de oarloch tsjin [[Frankryk]] wer begûn (sjoch [[Slach by Pavia (1525)|slach by Pavia]]), wêrby't de Frânske kening de soevereiniteit oer [[Greefskip Arteezje|Arteezje]] ferlear. Tegearre mei de keninginne fan Frankryk die se war foar in fergelyk, wat op [[3 augustus]] [[1529]] ta de [[Damesfrede fan Kamerijk]] late, wêrby't [[Frâns I fan Frankryk|Frâns I]] definityf ôfstân die fan alle oanspraken op [[Flaanderen]] en Arteezje. Der kaam hjirmei in tydlik ein oan de Italjaanske oarloggen. Yn de lêste tsien jier fan har bewâld liet Karel V it hiele bestjoer oer de Nederlannen op har skouders rêste.
 
Margareta's regearing wurdt beskôge as in tiid fan relative rêst en wolfeart. Dochs barden ûnder har bewâld de earste eksekúsjes fan [[reformaasje|protestanten]], benammen de [[Antwerpen (stêd)|Antwerpse]] muontsen [[Hindrik Voes]] en [[Jan fan Essen]], dy't op 1 july 1523 op de [[grutte Merk (Brussel)|Grutte Merk fan Brussel]] ferbaarnd waarden. Yn de noardlike Nederlannen waard [[Jan de Bakker]] út [[Woerden]] de earste protestantske martler. Yn [[1525]] waard hy yn De Haach, yn har oanwêzichheid op de brânsteapel ta de dea brocht.
Fierders slagge hja der mei lijen yn om de ivige lêstpost [[Karel fan Gelre]] yn de slepende [[Gelderse Oarloggen]] yn de stringen te hâlden. Pas yn [[1528]] waard dizze Karel twongen om de [[frede fan Gorinchem|Frede fan Gorkum]] te sluten, mar Gelre soe oant nei syn dea yn 1538 syn selsstannichheid hâlde (pas yn [[1543]] waard Gelre definityf ûnder Habsburchs tafersjoch brocht).
 
Rigel 50:
[[no:Margarete, erkehertuginne av Østerrike]]
[[pl:Małgorzata Habsburg (1480-1530)]]
[[pt:Margarida de Áustria (1480-1530)]]
[[ro:Margareta de Austria, Ducesă de Savoia]]
[[ru:Маргарита Австрийская (1480—1530)]]