Manfred von Richthofen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|Manfred von Richthoven [[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-2004-0430-501, Jagdstaffel 11, Manfred v. Richthofen.jpg|thumb|Jagdstaffel 11, mei Ma...
 
tf
Rigel 8:
Nei in koart skoft oan it [[Ruslân|Russyske]] front waard er augustus [[1916]] oerpleatst nei Frankryk.
 
Op [[16 jannewaris]] [[1917]] krige er syn eigen [[eskader]], Jagdstaffel 11, en op [[26 juny]] fan dat jier krige er ek it bewâld oer Jagdgeschwader 1; in groep fan fjouwer 'staffeln' (eskaders), mei tastellen yn bûnte kleuren beskildere; de Ingelsken neamden it ''Richthofen's Flying Circus''. De groep hie allinne DútseDútske elitefleanders.
 
Von Richthoven syn persoanlike [[Albatros D.III]] wie hielendal read skildere, wat him de bynamme 'Reade Baron' opsmiet. Hy sneuvele benei op july 1917 by in loftgefjocht, mar koe syn tastel oan de grûn krije. Op [[2 septimber]] 1917 helle er mei de nije [[Fokker Dr.I|Fokker Dr.I-trijedekker]] syn sechtichste oerwinning. De Britten wienen sa benaud foar him dat de piloat dy't him delhelje koe in eigen fleantúch, [[Pûn sterling|£]] 5000 en it ''[[Victoria Cross]]'' tasein waard.
 
Op [[20 april]] [[1918]] makke er syn tachtigstetachtichste en lêste slachtoffer; in [[Sopwith Camel]] fan de [[Royal Air Force]]. In dei letter sneuvele er sels boppe it slachfjild doe't er de Kanadees Wilfrid May leechfleanend efter siet. Der binne oanwizings dat er troch ien kûgel yn it hert rekke is, faaks fan in [[mitrailleur]] op de grûn. Undersyk hat útwiisd dat in Evans wierskynlik de skutter west hat, hoewol't ek kaptein Roy Brown, skutter Robert Buie en sersjant Popkin hawwe woene dat sy him rekke hienen.
 
It ferlies fan Von Richthofen wie in swiere klap foar it Dútske moreel.