Fokker D. VII: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ynterw.
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: de:Fokker D.VII; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Fokker D VII 2.jpg|thumb|250px|Fokker D. VII]]
De '''Fokker D.VII''' wie in [[Dútslân|Dútske]] jachtfleanmasine dat tsjin de ein fan de [[Earste Wrâldkriich]] troch [[Fokker (bedriuw)|Fokker]] makke waard neffens in ûntwerp fan [[Reinhold Platz]]. Doe't it tastel yn [[1918]] boppe it slachfjild ferskynde die bliken dat it fergelike mei de besteande [[Alliearden|alliearde]] fleanmasines superieur wie. It tastel wie sa (wreed) ferneamd dat it it iennige wapen wie dat mei namme opeaske waard troch de Alliearden yn de oerjefteûnderhannelingen oan de ein fan de oarloch.

== Skiednis ==
Rigel 6:

[[Manfred von Richthofen]] fleach yn de V.11 en fûn it in lestich en net noflik tastel dat rjochtingsûnstabyl by it dûken .
Fokker paste de V.11 dêrnei oan troch de romp te ferlingjen en in fêste sturt fóar it roer te setten. Dêrnei wie von Richthofen fan betinken dat it it beste tastel fan it stuit wie en dat it yn produksje naam wurde moast. Fral dêrtroch waarden der 400 fan besteld. Hy hat it tastel sels net mear fleane kinnen yn it loftgefjocht omdat er stoar krekt foar it yn gebrûk naam waard.

Omdat Fokker te min produksjekapasiteit hie, moasten de konkurinten [[Albatros (fleanmasine)|Albatros]] en [[AEG]] de VII Under lisinsje meebouwe, hoewol’t AEG der úteinlik nei ien makke hat. De oarloch wie hast dien en de Dútske yndustry wie net mear by steat om goed 1700 tastellen te produsearjen.

De Fokker waard maaie 1918 op slachfjild ynset die rillegau bliken superieur fergelike mei de besteande Albatros- en [[Pfalz (fleanmasine)|Pfalz]]-ferkenners. It tastel koe goed dûke sûnder kâns op strukturele skea, klimme ûnder grutte oanfalshoeken (hy koe sels as earste jager oan de propeller hingjen bliuwe), rekke net gau oerlutsen en de kâns op in ''spin'' wie lyts. Dat wie by de Britske [[Sopwith Camel]] en de [[Spad XIII]] al oars, dy koenen sa mar ynienen oerlutsen reitsje en yn in ferheftige spin bedarje koenen.

De neidielen fan de VII wienen de hjitte fan de motor dêr't de [[munysje]] fan yn de brân reitsje koe (der waarden letter kuolblêden oanbrocht). Brânstoftanks brieken faak op de naden en ek de ribben op de boppefleugel joegen faak belies.

Yn it earstoan waard in [[Mercedes D.III]]a motor fan 127 [[Kilowatt|kW]] brûkt, letter kaam der in [[BMW]] motor fan 138 kW yn wat in grutte ferbettering wie.

Doe’t de oarloch novimber 1918 einige wienen der 775 fan it type yn gebrûk.

Ek nei de oarloch waard it type noch troch tal fan lannen brûkt. 142 ferovere eksimplaren gienen nei de [[Feriene Steaten]]. Anthony Fokker smokkele in grut tal net ôfmakke tastellen nei [[Nederlân]] dêr’t se yn syn nije fabryk yn Amsterdam ôfboud waarden. Noch yn [[1929]] waarden nije D.VII's ûnder lisinsje foar de Switserske loftmacht makke.

It [[Militêr Loftfeart Museum]] yn [[Soesterberg]], it ''Brome County Historical Society'' yn Kanada, it Deutsches Museum yn [[München]] it [[Royal Air Force|RAF]]-museum yn Ingelân, it Musée de l'Air yn [[Frankryk]] en it National Air And Space Museum yn [[Washington D.C.|Washington]] hawwe noch orzjinele eksemplaren yn harren samling.

Rigel 60:

|floeistofkuolle seissilinder-[[linemotor]]:
|[[Mercedes D III]]a
Startfermogen 130 kW / 180 [[Hynstekrêft|hk]],
|[[BMW IIIa]]
Startleistung 166 kW/226 PS

| Topfaasje:
Rigel 145:
[[cs:Fokker D.VII]]
[[da:Fokker D.VII]]
[[de:Fokker D.VII]]
[[en:Fokker D.VII]]
[[eo:Fokker D.VII]]