De Jiske fan de Wide Stege: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dejiskefandewidestege.jpeg|thumb|right]]'''De Jiske fan de Wide Stege''' is in wikselpriis fan [[MKF De Wide Stege|Muorrekeatsferiening De Wide Stege]] yn [[Jirnsum]]. De clubkampioen by de hearen (inkelspul) wurdt hieltyd foar in jier hâlder fan de priis. De priis is ynsteld yn [[jannewaris]] [[2009]] op it earste toernoai fan de club.
 
De priis is in yn goudkleur opspuite kistke mei dêryn in ballekoker. Yn dy ballekoker, dy't de foarsitter fan de club op [[3 jannewaris]] [[2007]] krigen hat fan wrâldkampioen [[muorrekeatsen]] [[William Polanco]], sit de eigenlike jiske fan de club. Op it earste clubkampioenskip hat eltse dielnimmer "eat fan him/harsels" offere oan de priis. Dy yngrediïnten binne tegearre mei de statuten fan de club mei sterke drank ferbaarnd. De oerbliuwsels foarmje De Jiske fan de Wide Stege. It kistke befettet fierder twa rubberen muorrekeatsballen yn de clubkleuren fan de feriening, blauwe en oranje.