Súd-Georgje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Zuid-Georgia
+ kaart
Rigel 1:
[[Ofbyld:South Georgia and South Sandwich Islands.png|thumb|right|250px|Lizzing fan Súd-Georgia op kaart]]
[[Ofbyld:South Georgia - South Georgia.PNG|thumb]]
 
'''Súd-Georgia''' is it grutste [[eilân]] fan de eilannekloft [[Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen]], in oerseesk gebiet fan [[Feriene Keninkryk|Grut Brittanje]]. Súd-Georgia leit yn it suden fan de [[Atlantyske Oseaan]], 1400 km eastlik fan [[Argentynje]]. It eilân is 160 km lang en 30 km breed en hat in oerflakte 3.756 km². De eilannekloft wurdt fanút de [[Falklâneilannen]] bestjoerd. It eilân hat trochstrings in befolking fan 30 minsken dêr't mar twa fan der permanint wenje. Haadplak op it eilân is [[Grytviken]].
 
== Skiednis ==
It eilân waard neffens sizzen foar it earst fan ôfstân sjoen yn [[1675]] troch [[Anthony de la Roché]], in [[Londen|Londenske]] hannelsreizger, en waard dêrom op iere lânkaarten oantsjutten as ''Roche Eilân''. Om-ende-by 28 of 29 juny 1756 waard it eilân wer sjoen fan ôfstân troch it Spaanske hannelskip 'León', ôfkomstich út [[SaintSint-Malo]].
 
Yn 1775 fear kaptein [[James Cook]] om it eilân hinne, mearde as earste oan, en kleemde it eilân foar it de Britske Kroan. Hy neamde it eilân ''Eilân Georgia'' ("Isle of Georgia") ter eare fan [[George III fan it Feriene Keninkryk|kening George III]]. Yn [[1843]] waard it eilân formiel ûnder Britsk bestjoer stelt.
 
Yn de 18e ieu wie it eilân in basis foar seehûnnejagers en fan 19e ieu ôf foar walfiskjagers, oant yn [[1960]] mei de jacht stoppe waard. De earste walfiskjachtbasis en dêrmei de earste delsetting fan it eilân mei permaninte bewenning waard yn 1904 oprjochte troch de [[Noarwegen|Noar]] [[Carl Anton Larsen]] ûnder de namme [[Grytviken]]. De basis is net langer mear yn gebrûk en op it heden is der in wittenskiplik ûndersyksintrum festige. Der is in museum, dat troch de ienige twa fêste bewenners fan it eilân rune wurdt.
 
[[Kategory:Eilân yn de Atlantyske Oseaan]]