Pertinaks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.6.4) (Bot - oars: sr:Пертинакс
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
Pertinaks waard berne yn [[Ligurje]], Itaalje op [[1 augustus]] [[126]] as soan fan in befrijde slaaf dy't súksesfol houthanneler wurden wie. As jongfeint sette syn wurkpaad earst útein as skoalmaster, maren dêrnei tsjinnegie letterer yn it leger. Hy makke snel opgong tidensûnder de eastlike krigen fan de jierren [[160]]-[[170]]. DêrneiLetter waard hy troch [[Markus Aurelius]] beneamd as [[senaat (Rome)|senator]], [[konsul (Rome)|konsul]] yn 175, en gûverneur fan ferskate wichtige provinsjes, wêrûnder [[Syrje]]. Yn [[192]] wied er op 'e nij konsul fan Rome en tagelyk [[prefekt]].
 
Op âldjiersjûn [[31 desimber]] [[192]] waard de hate keizer [[Kommodus]] troch in komplot fan senatoaren en mei help fan famylje fan Kommodus om it libben brocht. Deselde jûn noch waard bekend makke dat Pertinaks as nije keizer beneamd wie.
 
It korrupte rezjym fan Kommodus koe lykwols net sa gau ûngedien makke wurde. Pertinaks, dy't him mei de bêste bedoelings oan it wurk sette om de korrupsje fuort te bannen en it regear te reorganisearjen, makke de fout dat er te hurd de feroarings trochsette woe. Troch de ekonomyske maatregels dy't er naam, rûn syn populariteit hurd tebek by de noch hieltyd machtige korrupte elite, fral by de op jild beluste praetoriaanskepraetorjaanske garde.
 
Al binnen inkele dagen, op [[3 jannewaris]], besochten guons in nije kûp te pligendwaan; in twadde mislearre kûp folge begjin maart. It grutste gefaar kaam lykwols fan de [[praetoriaanskepraetorjaanske garde]], dy't net tefreden wienen oer de wize wêrop de troanopfolging gien wie. Op [[28 maart]] [[193]] bestoarme in kloft oproer meitsjende soldaten it paleis en fermoarde de 66 jier âlde keizer.
 
Troch dizze moard op Pertinaks waard in boargerkriich losmakke dy't sawat fjouwer jierren duorje soe en dêr't trije aspirant-keizers de dea yn fine soenen. (wêrûnder syn rjochtstreekse opfolger [[Didius Julianus]]), en dêr't lang om let [[Septimius Severus]] yn triomfearje soe.