Auck Peanstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
MeinRei (oerlis | bydragen)
Lokwinske!
Rigel 5:
Yn [[Grou (plak)|Grou]] gie Peanstra nei de legere skoalle, dêrnei gie se nei de mulo. Doe't se dêr slagge wie, die se de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurke as skoaljuffer yn it basisûnderwiis, dat begûn yn [[Bitgummole]] dêr't se har ek te wenjen sette. Nei't se bern krigen hie, joech se har fêste baan op en wurke faak as ynfalkrêft. Nei in pear jier as faklearkrêft Frysk wurke te hawwen, wurke se yn dieltiid yn groep 2. Yn 2011 hat se it ûnderwiis oerjûn en sûnt leit sy har ta op it skriuwen en it jaan fan lêzings oer har wurk, op skoallen en by ferienings.
 
Skriuwe hat Peanstra eins altiten al dien, it begûn fral mei fersen dy't ûnder oare yn de [[Ljouwerter Krante]] publisearre waarden. Doe't de bern grutter waarden, krige se mear tiid om te skriuwen. Se skreau doe ferhalen foar bern en jongerein, yn 1991 debutearre se mei in ferhaal yn in sammelbondel foar bern, útjûn troch de [[Afûk]]. Yn 1993 ferskynde har earste boek: ''Melle moat in bril'', by de [[Koperative Utjouwerij]]. Dêrnei folgen der hast alle jierren nije boeken foar bern en jongerein. Yn 1998 krige se de [[Simke Kloostermanpriis]] foar it boek ''Yn piama de dyk oer'', yn 2001 en 2007 folgen twa nominaasje foar dy priis. Ek krige se twatrije kear de [[Sulveren Spjelde]] fan de Fryske Berneboekesjuery.
 
Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan [[berneboek]]en, mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Yn 2002 kaam har earste roman út, ''Elske din datter''. Yn 2007 folge dêrop ''Sitebuorren, myn eigen paradys''. It boek waard trije kear werprinte en it fertelt har oantinkens oan har jeugd yn [[Sytebuorren]], dat leit op in eilân tusken Grou en Aldegea. Yn 2008 krige se foar dat boek de [[Rink van der Veldepriis]]. Yn 2011 kaam har tredde roman by de Afûk út: ''Skamte''. It boek is fiksje mei autobiografyske eleminten
Rigel 46:
* 2010 : ''Tomke Ferkearsboek'' (mei Riemkje Pitstra)
* 2011 : ''Tomke foarlêsferhaaltsjes'' (mei Riemkje Pitstra en Luuk Klazenga)
* 20122011 : ''Kantsje board op Kurasau'' (Traveliers rige)
 
=== Romans ===
Rigel 58:
* 2006 : Sulveren Spjelde foar ''Alles foar in sint''
* 2008 : [[Rink van der Veldepriis]] foar ''Sitebuorren, myn eigen paradys''
* 2012 : Sulveren Spjelde foar ''Kantsje board op Kurasau''
 
{{Boarnen|boarnefernijing=