Skrikkelsekonde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: hr:Prijestupna sekunda
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: hy:Կոորդինացիոն վայրկյան; tekstwiziging
Rigel 1:
In '''skrikkelsekonde''' is in sekonde dy't tafoege wurdt ta korreksje fan it ferbân tusken de sinnedei en de oerwurkdei.
 
== Besteansgrûn ==
Om't de [[sekonde]] hjoeddeisk in definysje hat dy't gjin ferbân hâldt mei de [[dei]], is it no mooglik dat in dei net krekt 24*60*60 sekonden lang is. De gemiddelde rotaasje fan de [[ierde]] nimt marzjinaal ôf, dat de middeldei yn de rin fan jierren is yndie krekt wat langer. Hjirom moat út en troch in sekonde tafoege wurde om foar te kommen dat de oerwurkdei foar midsnacht eindiget.
 
== Foarkommen ==
Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 24 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op alle 17 [[moanne (tiid)|moanne]] in skrikkelsekonde.
 
Rigel 33:
# [[30 juny]] [[2012]]
 
== Stuit fan ynfoegjen ==
De sekonde wurdt ynfoege oan de ein fan in moanne, en leafst wurde hjirby de oergongen brûkt fan [[desimber]] nei [[jannewaris]] en fan [[juny]] nei [[july]]. Nei [[UTC]] 23:59:59 komt dan de skrikkelsekonde UTC 23:59:60, en pas dan begjint de nije dei, op UTC 0:00:00. De oanpassing wurdt tagelyk dien foar alle [[tiidzône]]s, dat yn tiidzônes op it [[eastlik healrûn]] wurdt de sekonde tafoege yn de rin fan de nije dei, wylst op it [[westlik healrûn]] de âlde dei langer wurdt.
 
== Negative skrikkelsekonden ==
Yn it systeem wurdt ek rekken hâlden mei negative skrikkelsekonden. As dêr ferlet fan is wurdt UTC 23:59:59 oerslein. Om't oannaam wurdt dat de rotaasje fan de ierde marzjinaal ôfnimt, wurdt net ferwachte dat dit ea barre sil. Lykwols is, tsjin de ferwachting foar langere tiid yn, sûnt it ynfoegjen fan de earste skrikkelsekonde 1972 de rotaasjefeart tanaam, dat mooglik is it al. Sa hat it ynterfal tusken de lêste twa skrikkelsekonden, 31 desimber 1998 en 31 desimber 2005, folle langer west as ea earder.
 
== Gregoriaanske kalinder ==
It wurdt wolris tocht dat skrikkelsekonden de lytse ôfwiking fan de [[Gregoriaanske kalinder]] oanpasse moatte, mar dat is net sa. Dat ôfwiken hâldt ferbân mei de rotaasje fan de ierde om de [[sinne]], dat as it ea sa fier komt dan moat dat oanpast wurde mei in [[skrikkeljier]].
 
Rigel 57:
[[fr:Seconde intercalaire]]
[[he:דקה מעוברת]]
[[hy:Կոորդինացիոն վայրկյան]]
[[hr:Prijestupna sekunda]]
[[hu:Szökőmásodperc]]