Drachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. [[]] ensafhrth.
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: ru:Драхтен; tekstwiziging
Rigel 21:
Om [[1550]] hinne wie de Hollânske feanreserve op. [[Turf]] wie in wichtige enerzjyboarne wurden foar partikuliren en yndustry en der waard ûnder oaren sjoen nei ûntginningsmooglikheden yn Fryslân. It ferlet fan it hurd waaksjende Hollân yn de [[17e ieu]] wie lykwols grutter dan't Fryslân leverje koe.

Yn 1641 gienen de boeren fan Noarder Drachten en Suder Drachten in oerienkomst oan mei begoedige lju út [[De Haach]], de 'Drachtster Kompanjons'. Ien fan dy jildsjitters wie sakeman [[Passchier Hendriks Bolleman]] út De Haach. Yn de oerienkomst waard fêstlein dat de turf út Smellingerlân allinne ornearre wie foar de Hollânske yndustry. Foar it ferfier mei skippen waard de [[Drachtster Kompanjonsfeart]], de Dwersfeart en guon [[Wyk (sydkanaal)|wiken]] oanlein. 800 arbeiders hawwe in jier lang oan't dollen en kroadzjen west om dat klear te krijen. Op it plak dêr't de nije feart en de âlde wei fan noard- nei Súd-Drachten elkoar krústen ûntstie Drachten. Der ûntstienen yn it gebiet ek skipshellingen, herbergen, winkels, touslaggerijen, ensafuorthinne. It ekonomyske súkses fan de turfdollerij duorre lykwols net sa lang (it hat sels laat ta Passchier Bolleman's fallisemint). Doe't it [[ferfeantjen]] dien wie, bleaune earme arbeiders efter; guon waarden gernier, mar de measten wienen net sa gelokkich.

It hat oant begjin [[19e ieu]] duorre ear't de beide Drachtens offisjeel ien bestjoerlike ienheid foarmen. <ref>{{Aut|P. van Schaik, dr. J. J. Spahr van der Hoek (red)}}, ''Geschiedenis van Smallingerland. De Tille - Ljouwert, 1976.</ref> Om [[1830]] waard der in gemeentehûs set en ferhúzen in soad notabelen fan [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldegea]] nei Drachten.

Rigel 28:

== Religy ==
Yn Drachten stiet de [[Frije Baptistegemeente Bethel]]. Dizze [[baptisme|baptistebaptistegemeente]]gemeente is bot groeid de lêste jierren. [[Orlando Bottenbley]] is de foargonger.

Neist dizze tsjerke binne noch in soad tsjerklike denominaasjes fertsjintwurdige, sa as Griffermearde Tsjerken, Herfoarme Gemeenten, [[Protestanske Tsjerke yn Nederlân|PKN]], [[Pinksterbeweging|Pinkstergemeenten]], [[Folle Evangelyskegemeente]], ensafuorthinne. Drachten hat lange tiid de grutste grifformearde gemeente fan Nederlân hân.
Rigel 79:
Nei it yndustryterrein de Haven rint de ''Farwei Drachten''. Dizze farwei is ferbûn mei it [[Prinses Margrietkanaal]] en sa mei it lanlike farwegennet.

== Yndustry ==
Sûnt [[1950]] sit yn Drachten in fabryk fan it [[Nederlân]]ske elektroanikakonsern [[Philips]], wêr 't de wrâldferneamde ''[[Philishave]]''-[[skearapparaat|skearapparaten]] makke wurde. It fabryk begûn yn [[1950]] mei 14 meiwurkers. Wyls wurkje der twatûzen minsken.

Rigel 85:

== Kultuer en rekreaasje ==
Drachten hat in grut en modern teater: ''[[De Lawei (teater)|De Lawei]]'' en in jongereinsintrum/poppoadium ''Iduna '' . It ''Museum Smellingerlân'', sit yn in âld [[kleaster]]. It toant wurk fan Fryske keunstners as [[Pier Pander]] en [[Sjoerd de Roos]], en hat dêrneist oar wurk fan [[De Styl]]-keunstner [[Theo van Doesburg]], sys Drachtster geastbesibben de bruorren [[Evert Rinsema|Evert]] en [[Thijs Rinsema]], en de [[Dada]]-keunstner [[Kurt Schwitters]]. Yn Drachten is noch altyd in wenwyk te finen dy't skildere is neffens in ûntwerp fan Van Doesburg út [[1921]]. Fanwegens de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de ''Papegaaiebuert'' neamd.<BRbr />
Drachten hat fierders in subtropysk swimparadys mei in 50 meter wedstrydbad. [[Breedtesport]] kin yn Drachten treflik barre yn ferskate sportakomodaasjes. Dêrneist is der in grut oanbod foarhandikaptensport, en sporten as karate, honkbal, bôge- en gewearsjitten. Drachten docht ek mei oan it [[skûtsjesilen]], mei twa skûtsjes :''d'Halve Maen'' en ''Drachten''.
Rigel 95:

=== Blauwe wei ===
[[Ofbyld:Drachten - Carillon.png|thumb|right|250px|''It kariljon fan Drachten''
Ut ierde binnen wy berne

It fjoer stutsen wy út de grûn

Ta wolfeart woe it wetter ús drage

De loft hat it tankliet ús jûn]]

Rigel 117:
* DGC (Drachtster Gymnastiek Combinatie)
* D.L.T.C. (Drachtster Lawn Tennis Club)
* [[Drachten_DiamondsDrachten Diamonds|Honkbal en Softbalferiening Drachten Diamonds]]
* Drachtster Schaak Club
*[[Drachtster Swim & Polo Club]]
Rigel 247:
[[nl:Drachten]]
[[pl:Drachten]]
[[ru:Драхтен]]
[[stq:Drachten]]
[[sv:Drachten]]