Ipen (skaai): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
AvicBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: az, ba, csb, cv, el, eu, ga, he, hr, io, kk, lb, mrj, nl, oc, os, pcd, sl, sr - oars: ro, zh
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: vep:Jalam; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ulmus hollandica.jpg|thumb|''Ulmus hollandica'']]
[[ImageOfbyld:Ulmus glabra.jpg|right|thumb|''Rûge yp'', blêd en sied]]
[[Ofbyld:'Herbie', Yarmouth, Maine.jpg|thumb|'''Herbie', de grutste en âldste yp fan Maine, Feriene Steaten (2008'')]]
'''Ipebeam''', '''Iperenbeam''' of '''Yp''' (''Ulmus'') (Nederlânsk: 'Iep' of 'olm') is in [[skaai (biology)|skaai]] fan [[leafbeam]]men. De blêden binne fearnervich en hawwe in skerptakkige blêdrâne. Se lykje wol wat op de blêden fan de [[haachbûk]] (''Carpinus betulus''), mar hawwe in mear skeve, ûngelikense blêdfoet. De blommen ferskine earder as de blêden. It blomtek is lyts, grien en oan de slippen binne se mei inoar fergroeid. Dêrboppe steane de moalstêfkes mei pearse helmhokken en de stamper. De sieden binne ôfplatte en hawwe in brede wjuk as râne rûnom.
Rigel 12:
 
== Ypsykte ==
De iep is gefoelich foar de [[ypsykte]]. Dizze ferwylgingssykte wurdt feroarsake troch de skimmel ''[[Ophiostoma ulmi]]''. De ypsykte wurdt oerbrocht troch de [[ipespintkrobbe]], dy't de skimmel by him hat. De skimmel groeit yn de houtfetten fan ipen, sadat dy ferstopd reitsje. De blêden wurde wilich en de beam giet dea. Fan it tige grutte ipebestân yn Nederlân fan begjin 20e ieu is tusken 1919 en 2000 grif njoggentich prosint troch de ypsykte ferdwûn, sadat it lânskip in grutte feroaring ûndergien hat. De ferkeap fan Ipesoarten yn Nederlân is fan mear as 56.000 yn 1989 tebekrûn nei mar 6.800 yn 2004,<ref name=Hiemstra>Hiemstra et al., (2005). ''Belang en toekomst van de iep in Nederland''. Praktijkonderzoek Plant & Omgeving, Wageningen UR</ref> Sûnt 1928 is men ûnûnderbrutsen oant 1992 dwaande west mei it kweken fan resistinte farianten.<ref name=Burdekin> Burdekin, D. A. & Rushforth, K. D. (Revised by Webber J. F. 1996). Elms resistant to Dutch elm disease. ''Arboricultural Research Note ''2/96. Arboricultural Advisory and Information Service, Alice Holt, Farnham, UK.</ref> Fergelykbere kweekprogrammas wiene der yn Noard Amerika (1937), Itaalje (1978) en Spanje (1990s).
 
== Tapassings ==
Iperen[[hout]] waard tige wurdearre om syn fezelstruktuer dy't net sa maklik tespjaltet. It frijwat djoere hout waard brûkt foar [[tsjel]]len, [[stoel]]sittings, [[klomp]]en en [[deakist]]en. De tichtens fan it hout ferskilt tusken de soarten, mar sit trochstrings om de 560kg de m³<ref>[http://www.nichetimbers.co.uk/native-hardwood/elm/ Elm]. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.</ref>. At it hout wiet bliuwt sil it net gau ferrotsje. Yn de midsieuwen waarden holle stammen dêrom wol brûkt as wetterbuis. De wjerstân tsjin ferrotsjen is it mei dien by grûnkontakt.<ref>[http://www.nichetimbers.co.uk/native-hardwood/elm/ Elm]. Niche Timbers. Rieplachte 19-08-2009.</ref>.
 
Rigel 21:
Fan de 18e ieu oant begjin 20e ieu waard de ipebeam oeral yn Jeropa [[Noard Amearika]] foar de sier oanplante. Sy waarden bylâns diken, wat in soarte fan tunneleffekt joech, en om pleatsen set, yn stêden en doarpen. Yn Fryslân bestie de beambeplanting op de klaai- en feankrite meast út ipebeammen. De âlde rykswegen dêre (b.g. de [[Grinzer Strjitwei]]) wienen der mei beplante. Oare skaaimerken fan de yp binne dat se goed oer loftfersmoarging kinne en dat it ôffallen blêd hurd wei wurdt.
 
== Soarten ==
Ta de ipen hearre ûnder oaren de folgjende soarten:
* [[Fladderyp]] of stâleyp (''Ulmus laevis''), blomkes hawwe in lange stâle, ûnderkant fan blêden hat krollich hier, hout fan mindere kwaliteit.
* [[Glêde yp]] of fjildyp (''Ulmus minor'' of ''Ulmus carpinifolia''); jonge tûken binne glêd, boppekant blêden ek glêd, ynsnien wjuk om sied; útrinners fan de woartels hawwe typyske koarkwjukken; yn Nederlân selsum.
** [[Monumintale Fjildyp]] of Wheatleys iep (''Ulmus carpinifolia'' 'Sarniensis' of ''Ulmus carpinifolia'' 'Monumentalis')
* [[Rûge yp]] of berchyp (''Ulmus glabra''); lânseigen, wurdt in grutte beam, de donkergriene blêden en de bast fiele rûch oan; rint ei april, begjin maaie út.
* Ingelske fjildyp (''Ulmus procera'')
* [[Hollânske yp]] (''Ulmus'' ×''hollandica'') is in krúsing tusken de ruwe iep en de gladde iep.
** ''Ulmus x hollandica'' 'Groeneveld' is yn 1941 ûntstien en yn 1949 selektearre.
** Huntington Yp (''Ulmus hollandica'' 'Vegeta')'
** [[Goudyp]] (''Ulmus hollandica'' 'Wredei'), gougiele blêden, yn parken by bûtenpleatsen.
 
De yn Nederlân oanplante soarten binne faak krúsings tusken de soarten ''Ulmus glabra'', ''Ulmus wallichiana'', ''Ulmus carpinifolia'' en ''Ulmus'' ×''hollandica''
 
== Keppelings om utens ==
* [http://web.archive.org/web/20071113024205/http://www.vwo-campus.net/dossier/53 Ynfo fan de Universiteit Wageningen foar it vwo]
* [http://www.fem.wur.nl/UK/Publications/books/goudzwaard/ ''Iep of olm. Karakterboom van de Lage Landen'']
* [http://www.volkskrant.nl/binnenland/article1160580.ece/De_liefde_voor_de_iep ''De liefde voor de iep'', yn de Volkskrant fan 8 maart 2009]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 45:
{{EvF|Iep}}
}}
 
[[Kategory:Plantesoart]]
 
Line 100 ⟶ 101:
[[tr:Karaağaç]]
[[uk:В'яз]]
[[vep:Jalam]]
[[zh:榆屬]]