Barbados: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: vep:Barbados
No edit summary
Rigel 24:
 
== Skiednis ==
[http://www.paradise-islands.org/barbados.htm Barbados] waard eartiids befolke troch de [[Yndianen|Yndiaanske]] [[Arowakken]]. Nei de ûntdekking fan [[Amearika]] troch [[Kolumbus]] arrivearren de [[Portegal|Portegezen]] healwei de [[16e ieu]] op it eilân. De oarspronklike befolking waard as slaven te wurk steld en soe troch de swiere omstannichheden dêr't sy yn libje moasten en troch Jeropeeske sykten yn koarte tiid útstjerre. Krekt as op oare Karybyske eilannen waarden ek hjir [[slavernij|slaven]] út [[Afrika]] ymportearre. Yn [[1627]] kaam it eilân yn besit fan de [[Feriene Keninkryk|Ingelsken]] dy't der in koloanje fan makken.
 
Op [[16 april]] [[1816]] hie it eilân te krijen mei in grutte slavenopstân ûnder oanfiering fan de negerlieder [[Bussa]]. Yn [[1838]] waard de slavernij foarfêst ôfskaft. Barbados hat efkes lid west fan de [[West-Yndyske Federaasje]] ([[1958]] - [[1962]]) en krige úteinlik selsbestjoer yn [[1961]]. Yn [[1966]] nei 339 jier Britsk bewâld waard it eilân folslein selsstannich.