Utert (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: arc:ܐܘܛܪܝܟܛ (ܡܕܝܢܬܐ)
Rigel 12:
 
== Skiednis ==
De skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de [[Ryn]] troch de [[Romeinen]]. Letter hawwe de [[Franken]] op it stee in stins boud dy't troch de [[Friezen]] healwei yn de [[7e ieu]] ferovere waard. De Fryske keningen meitsje fan Utert harren residinsje. Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk yn [[720]] waard Utertde stêd wer fan de Franken. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop [[Willibrord]] en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht.
 
Om-ende-by [[1120]] krige Utert stedsrjochten. Fan 1611 ôf waard de stêd troch kontra-remonstranten bestjoerd. Yn [[1795]] lutsen de Frânsken binnen. Mei de stifting fan de Jaarsbeurs (1917) en yndustryfestigingen hat Utert in dynamyske ûntwikkeling trochmakke.
 
== Demografy ==