Galje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stavering hifken tink
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: vi:Gallia; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map Gallia Tribes Towns.png|thumb|right|300px|Galje likernoch 54 f. Kr.]]
'''Galje''' is de namme dêr't eartiids (troch de [[Romeinen]]) it westlike part fan [[Jeropa]] mei oantsjutten waard. It is in gebiet dat oerienkomt mei it moderne [[Frankryk]], [[Belgje]], it westen fan [[Switserlân]] en dielen fan [[Nederlân]] en [[Dutslân]] bewesten fan de [[Ryn]]. ''Gallia'' is noch hieltiten de [[Gryksk]]e namme foar [[Frankryk]]. De bewenners fan Galje, de saneamde [[Galjers]] binne ek bekend as [[Kelten]] en jilde as de oarspronklike befolking foar in grut part fan [[Jeropa]].
 
== Bewenners ==
Rigel 6:
 
It gebiet waard ûnderferdield yn:
* Gallia Cisalpina (Súd Alpen)
** Gallia Transpadana (Noard Po)
** Gallia Cispadana (Súd Po)
 
* Gallia Transalpina (westlik fan de Alpen)
** Gallia Narbonensis provincia
** Gallia Comata (tusken Ryn & Pyreneeën)
*** Gallia Belgica
*** Gallia Aquitania
*** Gallia Celtica
 
Yn sawat al dy "Galje's" waarden dialekten fan deselde Keltiske taal sprutsen. Yn Aquitania waard lykwols in folslein oate taal sprutsen, besibbe oan it [[Baskysk]] en (wierskynlik) ek oan it distiid útstoarne [[Iberysk]]. It is om geografyske redenen dat Caesar dat diel ta "Gallia Comata" rekkene.
 
== Skiednis ==
Galje waard troch de [[Romeinen]] beset yn de perioade tusken [[58 f. Kr.]] - [[51 f. Kr.]], neidat [[Gaius Julius Caesar|Caesar]] de Galyske stammen yn dat gebiet ferslein hie. Hy skreau syn ûnderfinings yn in boek ''[[Commentarii de bello Gallico]]'' (''Ferslachen oer de [[Galyske oarloch]]''). Dy oarloch koste oan mear as in miljoen Galjers it libben en sawat in miljoen minsken waard ta slaaf makke. It gebiet waard dêrnei as in Romeinske provinsje bestjoerd mei [[Lyon]] as haadstêd. Fan dy tiid ôf hawwe de Galjers ûnder grutte ynfloed fan de Romeinen stean en waarden sy Romanisearre. Stadichoan waard taal en brûkmen fan de Romeinen oernaam. De Keltyske taal waard ynnommen troch it [[Latyn]] dat oan de basis leit fan it moderne [[Frânsk]].
 
Fan de [[3e ieu]] ôf rûn it Romeinske gesach, troch tanimmende druk fan ynfallende [[Germanen|Germaanske]] stammen, tebek. Op [[31 desimber]] [[406]] stutsen ferskate Germaanske stammen de [[Ryn]] oer, en set de ynvaazje fan Galje útein (sjoch: ''it [[Grutte Folksferfarren]]''. Yn [[486]] kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Galje, doe't de Romeinsk hearsker [[Syagrius]] ferslein waard troch de [[Franken]].
{{Link FA|af}}
 
[[Kategory:Romeinske provinsje]]
[[Kategory:Klassike Aldheid]]
 
{{Link FA|af}}
 
[[af:Gallië]]
Line 98 ⟶ 99:
[[tr:Galya]]
[[uk:Галлія]]
[[vi:GauleGallia]]
[[vls:Gallië]]
[[wa:Gåle]]