Romtefeart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: hu:Űrrepülés
L lyts guod
Rigel 1:
[[Ofbyld:Apollo 11 bootprint.jpg|thumb|In fuotprint op de moanne]]
[[Ofbyld:Sputnik_asm.jpg|thumb||Spoetnik 1]]
'''Romtefeart''' is it totaal fan alle minsklike aktiviteit bûten de [[dampkring]] fan de [[Ierde]].
 
Ferhalen oer minsken dy't de ierde ferlitte, en mei namme nei de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] reizgje, binne al hiel âld. Net it âldste, mar faaks it ferneamdste ferhaal is ''Reis nei de Moanne'' fan [[Jules Verne]], dêr't er presys oanjoutyn seit hokfoar technyk brûkt wurde kin foar in tocht nei de moanne.
 
Op [[3 oktober]] [[1942]] waard in [[A4-raket]], as earste ding makke troch de minkse, de romte yn sketten, wylst as earste skepsels op [[9 july]] [[1946]] fruitmiggen en maissied yn Amearika yn in [[V-wapens|V-2]] de romte yn sketten waarden.
 
De [[keunstmoanne]] [[Spoetnik 1]] út de [[Sowjetuny]] wie op [[4 oktober]] [[1957]] it earste ding dat troch de minsk yn in baan om de ierde brocht waard. Yn [[Spoetnik 2]] kaam it hûntsje [[Laika]] [[3 novimber]] [[1957]] as earste skepsel yn in baan om de ierde. Op [[12 april]] [[1961]] wie [[Joeri Gagarin]] de earste minske yn de romte.
 
Nei dy flechten om de ierde kamen de tochten nei de Moanne. Op [[14 septimber]] [[1959]] berikke de [[Luna 2]] út de Sovjetuny as earste de Moanne. Mar earst op [[21 july]] [[1969]] sette de Amearikaan [[Neil Armstrong]] as earste minske foet op de Moanne.
 
Nei dizzedy ûntwikkelings kaam itde aksintklam mear te lizzen op oan de iene kant [[romteferkenner]]s, ûnbemanne raketten dy't nei oare planeten stjoerd wurde en foto's en oare ynformaasje weromstjoere nei de Ierde, en oan de oare kant [[romtepindelromtefear]]sen, werbrûkbere romteskippen dy't brûkt wurde foar eksperiminten bûten de dampkring en foar ûnderhâld oan keunstmoannen.
 
== Sjoch ek ==