Jeu de paume: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
No edit summary
[[Ofbyld:Jeu_de_paume.jpg|thumb|right]]
'''Jeu de Paume''', wie it keatsspul sa't dat yn de [[Midsieuwen]] spile waard. [[Muonts]]en spilen it keatsspul binnen de muorren fan de [[kleaster]]s fan [[Itaalje]] en [[Frankryk]]. Dy muorren makken it spul al oars, om't de bal hast net mear út spile wurde koe. It waard tastien en spyljeop de bal fia de muorre nei de oare side fan it fjild te spyljen.
 
Fansels hie elts kleaster syn eigen regels. Mar fan de [[11e ieu]] ôf kaam der, troch it reizgjen fan de muontsen, genôch oerienkomst om fan ien spul sprekken te kinnen, it "Jeu de Paume": "Spul fan de hân"; wy soenen sizze: "hânspul". It hânspul waard sa folle spile dat de [[paus]] de muontsen yn de [[14e ieu]] it spyljen ferbean hat. Mar doe wie it spul al troch oaren, wêrûnder de ealju, oernaam.
Anonime meidogger