Pepyn fan Herstal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 21:
 
=== Opfolging ===
Neidat Pippyn syn soannen Drogo (708) en Grimoald (714) noch by syn libben ferstoarn wienen makke hy op oantreaun fan Plektrudis syn noch minderjierrige pakesizzer [[TeudoaldTeudobald]], de soan fan Grimoald, ta syn opfolger. Teudoald wie lykwols te jong om it lân al selsstannich regearre te kinnen. Dêrom soe, doe't Pippyn op 16 desimber 714, sawat tachtich jier âld, hommels ferstoar yn [[Jupille-sur-Meuse|Jupille]] (tsjintwurdich in part fan de Luikse agglomeraasje yn [[Belgje]]), Plektrudis foarearst it regintskip op har nimme. Harren rjochtmjittige bernsbern roppen harsels yndied ta de wiere opfolgers fan Pippyn, en besochten mei help fan Plektrudis de macht as hofmeier fan it paleis te behâlden. Karel Martel, de âlde soan fan syn twadde frou, hie lykwols mei súkses de geunst fan [[Austraasje|Austrasyske]] eallju ferkrigen. Nettsjinsteande de ynspannings fan Plektrudis, dy him in skoft finzen setten liet, slagge Karel der as ienige hofmeier yn ''de facto'' hearsker fan it Frankyske ryk te wurden. Dêroan gie lykwols wol in mear as trije jier duorjende machtstriid foarôf, de saneamde [[Frankyske Boargerkriich]].
 
== Pippyn en de Friezen ==