Uddel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: af:Uddel
Ouddorp (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
It doarp leit oan de N310, dat is de wei fan de N302, oer [[Elspeet]] nei [[Nunspeet]]. Súdwestlik fan Uddel leit it [[Uddelermar]] mei [[De Huneskâns]], in ferdigeningswurk út de [[Aldheid]].
 
Uddel is in ortodoks-kristlik doarp. Dat docht ûnder oaren bliken út it pleatslik stimmen by de gemeenteriedsferkiezing fan 2006. De [[Steatkundich Grifformearde Partij|SGP]] krige 65% fan de stimmen (hast 25% fan alle stimmen op de SGP yn de gemeente Apeltoarne), de trije kristlike partijen (mei it [[CDA]] en de [[KristenUny]]) krigen hast 87%. It doarp hat in [[Protestantske Tsjerke yn Nederlân|Herfoarme gemeente]], in [[Grifformearde Gemeenten|Grifformearde Gemeente]] en de [[Grifformearde Gemeenten yn Nederlân]].
 
Der binne trije skoallen yn Uddel: in protestants-kristlike, in reformatoaryske skoalle foar [[basisûnderwiis]] en in reformatoryske skoalle foar fuortset ûnderwiis dy't in dependânse fan de Fruytier Skoallemienskip yn Apeldoorn is. It plak Uddel is fral keazen om't it sintraal leit op de Feluwe; de learlingen komme benammen út Nunspeet, Ermelo en Elspeet. Uddel hie ek in [[Iepenbier ûnderwiis|iepenbiere skoalle]], mar dy moast yn 2007 de doarren slute fanwegen it lytse tal learlingen.