Lida Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
L red. [[]] ensafhrth.
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Se groeide op yn [[Skarsterbrêge]] en ferhuze op har achttjinde nei [[Leien]] om oan de Reinwardt AcademieAkademy foar museummeiwurkers te studearjen. Nei't se ôfstudearre wie, gie se fierder mei de akademyske stúdzje Keunstskiednis; har haadfak wie ambachtskeunst. Se wennet mei man en dochter yn [[De Knipe]]. <br>
Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting ''Monument van de Maand'', dêrnei hat se as konservator yn it [[Museum De Jouwer]] wurke. Yn 1992 begûn se te skriuwen.
 
Dykstra makke har debút as berneboekeskriuwster mei ''Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid''. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Se skriuwt yn it [[Frysk]] en yn it [[Nederlânsk]] en set sels har boeken fan de iene yn ‘e oare taal oer. Foar ien fan har ferhalen krige se yn [[1999]] de [[Rely Jorritsmapriis]]. Har ''Wolken fan wol'' is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’. Ek har bydrage oan de sammelbondel ''Listen fan goaden en bisten'' hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Yn de hjerst fanHjerst 2003 ferskynde as aksjeboek ''Mûske myn famke''. It is basearre op in gedicht fan [[Gysbert Japicx]]. Der binne oersettingen fan yn it [[Ingelsk]], Nederlâns en Súd-Afrikaans[[Afrikaansk]]. In [[Welpeprint]] wie der foar har boeken ''Snotaapkes'', ''Wolken fan wol'' en ''Lederwyntsje, bern mei krêften'' yn 2000, 2001 en 2006.
Yn 2004 krige se foar ditdat boek de [[Simke Kloostermanpriis]], yn [[2007]] wûn se dizzedy priis nochris, no mei ''Lederwyntsje, bern mei krêften''.<br>
Yn [[2009]] wûn hja foar de twadde kear de Rely Jorritsmapriis mei ''De Lytse ik''. Eken nochris yn 2011 wûn Dykstra de Rely Jorritsmapriis, dat wie doe foar it ferhaal ''De jonge dy’t Koraal neamd waard''.
 
Yn maartMaart 2012 waard bekend makke dat Dykstra it Aksjeboek foar de bern fan dat jier skriuwe soe, ''Knipperke''. Dat docht se yn gearwurkingtegearre mei yllustratrise Natascha Stenvert út it [[Drinte|Drintske]] Zeijen. It aksjeboek foar de [[Berneboeketiid]] wurdt yn opdracht fan [[Tresoar]] útjûn troch de Afûk. Dêrneist ferskynt der ynkoarten it boek ''De nije seemearmin'', mei histoaryske ferhalen foar folwoeksenen.
 
== Bibliografy ==