Iere Midsiuwen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: an:Alta Edat Meya
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: da:Tidlig middelalder; tekstwiziging
Rigel 1:
Under de iere Midsieuwen wurdt oer it algemien ferstien: de perioade fan likernôch 500 oant 1000; de skiednis fan [[Jeropa]] nei it ynstoarten fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Soms wurdt ek de term ''tsjustere midsieuwen'' brûkt omdat, troch de gaos dy’t feroarsake waard troch in soad ynvaazjeweagen fan de lossleine folken, der net folle op skrift steld waard en ek in soad ynformaasje ferlern gie. Hjirtroch is noch in soad ‘tsjuster’ wat de krekte gong fan saken oanbelanget. Ek de algemiene efterútgong fan de befolking en libbensstandert, fergelike mei it Romeinske ferline, dy’t stadichoan einige by de konsolidaasje fan de tastân troch [[Karel de Grutte]].
 
=== Polityk ===
==== Ein fan it (West)-Romeinske Ryk ====
De midsieuwen kamen op gong doe't it gesach fan it [[Romeinske Ryk]] fanwege boargeroarloggen en in soad fijannigens oan de grinzen hieltyd minder waard en de ferskate "barbaarske" folken yn it ryk harren hieltyd ûnôfhinkliker opstelde. Dizze periode wurdt it [[Grutte Folkeferfarren]] neamd.
 
Om-ende-by [[455]] wie der in situaasje ûntstien dat der net folle belestingjild mear oan it sintraal gesach ôfdroegen waard. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood troch de yn it ryk opnommen folken as de [[Fisigoaten]] en de [[Boergonden]]. Dizze [[Germanen|Germaanske]] folken namen sels de leie yn hannen en stiften yn it ryk ûnôfhinklike keninkriken.
 
Yn it leger wie ek sa'n ûntwikkeling. Yn de rin fan de [[5e ieu]] waard de militêre sterkte fan it [[Romeinske leger]] sawat hielendal basearre op [[foederaty]]-ienheden. Yn [[451]] koe [[Attila]] de [[Hunnen|Hun]] mei muoite ferslein wurde mei help fan foederaty (dy de Fisigoaten, Boergonden,Franken en Alanen omkringe). Lang om let wie ien fan de foederaty, de Germaanske stam de [[Herulen]], ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. De lêste Romeinkse keizer [[Romulus Augustulus]] waard ôfsetten troch de magister militum (opperbefelhawwer) fan de foederaty, de Germaan [[Odoaker]].
Rigel 11:
In soad fan de Germaanske folkstammen wienen foardat sy harren yn it Romeinske ryk fêstigen oerstapt op it [[Kristendom|Kristlik]] leauwen, al wie it meastal ta in ôfwikende foarm dêrfan, it [[arianisme]]
 
==== Merovingyske Ryk ====
Op'e ein fan de [[5e ieu]] ûntstie yn [[Jeropa]] in perioade fan feriening en fersnippering fan lannen en gebieten. [[Klovis I]] hie alle Frankyske stammen ûnder syn gesach feriene. Nei syn dea waard syn ryk lykwols neffens it [[Salyske Franken|Salyske erfrjocht]] ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dizze fochten tsjin inoar, mar wurken ek tegearre tsjin de rest fan Jeropa, sadat sy deryn slaggen de measte [[Germanen|Germaanske]] folken te oermasterjen. It gefolch fan dizze hieltyd herhelle ferdielings, wie wol dat it Merovingyske Ryk sa om-ende-by it midden fan de [[7e ieu]] ûtinoar fallen wie yn ferskate lytse tsjin inoar stridende rykjes. It ryk waard foar de lêste kear feriene troch kening [[Klotarius II]] en syn soan [[Dagobert I]].
 
De lêste keningen fan de Merovingyske dynasty hienen noch mar in bytsje macht oer, it ryk waard doe regeard troch de [[hofmeier|hofmeiers]]s (de 'húsmasters' dy't oarspronklik de help fan de kening wienen). Yn [[Austraasje]] waard dizze taak útoefene troch [[Pepiniden]], dizze famylje waard hieltyd wichtiger troch it erflik meitsjen fan it amt. De Merovingers bleaunen lykwols noch in skoft as skynkeningen (ek wol de [[sleauwe kening]]en neamd) op de troan.
 
==== Karolingyske Ryk ====
[[Pippyn de Koarte]], de hofmeier fan kening [[Gilderik III]] naam yn de [[8e ieu]] de macht oer fan de lêste Merovingyske kening en stifte syn eigen dynasty fan de [[Karolingers]]. Pepyn de Koarte krige dêrby help fan de paus omt syn machtsgreep te rjochtfeardigjen. De Karolingers dienen in soad saken mei de paus en lang om let resultearre dit yn de keizerskroan foar [[Karel de Grutte]]. De ynfloed dy't de [[Byzantynen|Byzantynske]] keizer hie op [[Rome (stêd)|Rome]] waard dêrmei teneate dien. De Karolingers slaggen der fierder ek yn om it oplûken fan de [[moslims]] û.o. yn [[Itaalje]] ta stilstân te bringen.
 
Karel de Grutte waard opfolge troch syn ienichste soan [[Loadewyk de Fromme]], wêrtroch it ryk byinoar bliuwe koe. Loadewyk slagge der lykwols net yn om syn opfolging goed te regeljen mei syn fjouwer soannen. Sy krigen ûnder inoar spul, wêrtroch't dizze perioade fan bruorretwisten late ta de splitsing fan it [[Hillige Roomske Ryk]] yn in [[Frankyske ryk]] ([[Karel de Keale]]), it ryk fan [[Lotharius]] en in [[East-Frankysk|Germaansk Ryk]] ([[Loadewyk de Dútser]]). It ryk fan Lotharius waard nei de dea fan [[Loadewyk de Fromme]] it striidperk fan it Frankyske en Germaanske ryk.
 
=== Sosjaal ===
Yn earste ynstânsje naam yn de iere midsieuwen de geleardheid ôf. Karel de Grutte stifte lykwols fannijs skooallen wêrtroch de literêre ûntwikkeling yn syn ryk wer tanom. It brûken fan jild foel ek hast hielendal wei, der waard wer mear hannele yn natura.
 
It rjochtsysteem yn dy tiid ferwettere, elke stam hie syn eigen [[gewoanterjocht]] dat safolle mooglik folge waard. De Frankyske foarsten reizgen mei harren hile gefolch fan [[palts]] nei palts om de útfiering fan de wetten te kontrolearjen en rjocht te sprekken. Nei de dea fan Karel de Grutte feroare it systeem fan Frankyske greven yn in [[feodaal systeem]].
 
[[kategoryKategory:Midsieuwen]]
 
[[an:Alta Edat Meya]]
Rigel 34:
[[cy:Oesoedd Canol Cynnar]]
[[cs:Raný středověk]]
[[da:Tidlig middelalder]]
[[de:Frühmittelalter]]
[[en:Early Middle Ages]]