Wikipedy:Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 4:
In nij artikel hoecht net perfoarst in hiel ferhaal te befetsjen. Jo meie ek bêst mei in pear sinnen folstean. It giet net by de grutte út, wichtichst is dat alles wier is en yn goed Frysk beskreaun stiet. Lytse stikjes liede gauris ta reaksjes fan oaren dy't jo artikel útwreidzje en oanpasse. Dat wol fansels net sizze dat nije stikken net wiidweidich wêze meie - krekt oarsom!
==
*'''Tip 1''' Kwattelje samar gjin gjalpen del, mar skriuw yn kreaze folsinnen en neam de '''yngong''' (it begryp dêr't jo ynformaasje oer jouwe) yn de earste of twadde sin fan it artikel. Meitsje it dan '''fet''' (troch derfoar, sawol as derefter trije inkelde oanhellingstekens te pleatsen).
*'''Tip 2''' Soargje foar in logyske en oersichtlike ferdieling yn alinea's en brûk by langere artikels tuskenkopkes. Dat makket it yn wêzen net sa noflike lêzen fan it kompjûterskerm helte makliker.
*'''Tip 3''' At der begripen yn it artikel foarkomme dêr't jo fan tinke: hjir koe de lêzer ek wolris mear oer witte wolle, dan kinne jo in ferwizing nei it oanbelangjende artikel meitsje troch it wurd yn de tekst tusken dûbelde kante heakken te pleatsen. Jiertallen kin ek poerbêst nei ferwiisd wurde. At de yngong fan it artikel in bytsje oars hyt as it wurd dat yn jo artikel stiet, dan skriuwe jo earst de namme fan de yngong dêr't nei ferwiisd wurdt, dan in fertikaal streekje (|) en dan it wurd dat yn de tekst komt. It gehiel komt wer tusken dûbelde kante heakken. It is wizânsje om yn ien artikel net mear as ien as twa kear nei deselde yngong te ferwizen.
*'''Tip 4'''
*'''Tip 5'''
==
In artikel dat jo foar de Wikipedy skriuwe, jouwe jo om samar te sizzen yn 'e hannen fan 'e hiele Wikipediamienskip. It is net langer jowes allinnich, mei't elk dermei dwaan kin sa't him goedtinkt. It wizigjen, oanfoljen, korrizjearjen en kopiearjen fan stikken is krekt wêr't de Wikipedy foar ornearre is. It is dêrom wichtich dat jo net al te bot oan jo eigen tekst hingje. It is oars net it doel dat oaren samar grutte stikken tekst fuorthelje of der apekoal foar yn 't plak sette. It is wizânsje om by grutte wizigingen earst mei de oare auteurs oer te lizzen op de oerlisside. Wizigingen kinne oars altyd maklik wer fuorthelle wurde.
Hoe't in artikel stal kriget, beskiedt ta in hichte hoe't oaren dermei omgeane; in goed formulearre, koart stik sil gauris oaren fertokje en skriuw in oanfolling, wylst in stik mei in soad ferwizingen nei oare artikels oaren stimulearje sil om dy artikels te skriuwen of út te wreidzjen. Guon Wikipedylju meie graach ferwizingen meitsje nei net-besteande artikels, dy't in oar dan skriuwe kin, oaren skriuwe sokke stikken sels of meitsje leafst oanfollingen. Elk syn meuch, wat dat oangiet.
Guon artikels lizze minsken sa nei oan 't hert dat se iensidich wurde of minder objektyf as moatte soe. Gearwurking in oerlis is dan belangryk, wol de ynhâld der op 't lêst net ûnder lije.
==
De teksten, printsjes ensfh. yn de Wikipedy en de oarstalige Wikipedia's binne mandeguod. Dat wol safolle sizze as dat elkenien de ynformaasje foar alles brûke mei en him feroarje mei sa't him goedtinkt (sjoch [[GNU/FDL]]). Sadwaande mei men gjin saken yn 'e Wikipedy opnimme dy't ûnder in foarm fan auteursrjocht falle. Stikken dy't jo foar in oar doel skreaun ha, kinne gauris hiel nijsgjirrich foar de Wikipedy wêze. Wolle jo jo lykwols op jo auteursrjochten beroppe, dan moatte jo jo stik net yn 'e Wikipedy pleatse!
Oare frije ynformaasjeboarnen binne der planteit. Dêr kinne jo sûnder beswier út helje wat jo brek binne. Sjoch mar ris op
[http://nl.wikipedia.org/wiki?/Openbare_bronnen Openbare bronnen].
----
[[Wikipedy:In nije side meitsje|In nije side meitsje]] -- [[Wikipedy:Ienfâldich begjinne|Ienfâldich begjinne]] -- [[Wikipedy:Koart oersjoch|Koart oersjoch]] -- [[Wikipedy:Helpmiddels|Helpmiddels]] -- [[Wikipedy:Dochs wat regels|Dochs wat regels]]
|