Franz Drappier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje red. oars net
Rigel 2:
 
== Biografy ==
Franz Drappier hie al jong in soad niget oan tekenjen. Hy trochrûn de keunstakadeemje ''[[Institut Saint-Luc]]'' te [[Bergen (Belgje)|Mons]]. Yn [[1967]] ferskynt syn earste [[tekenteltsje]] yn it wikestripblêd [[Kuifje (wykblêd)|Kuifke]] opneffens senario fan [[Yves Duval]], al gau folge; trochrillegau infolgen protteder oarenmear.
 
Franz wie in tigestriptekener produktivedy't striptekenerin soad wurk út de wei set hat. Hy hat oan in grut ferskaat fan tekentelrigestekenteltsjerigen wurke dêr't guons by sieten dy't mar út ien, twa of trije dielen besteane. In protte tekentelriges binne troch him útein set en soms wurke hy wol oan twa of trije riges tagelyk. Ek hat er oan in grut tal riges meiwurke as senarioskriuwer. Syn wichtichste en populêrste riges binne: ''[[Jugurta]]'', ''[[Poupée d'ivoire]]'', ''[[Lester Cockney]]'' en ''[[Thomas Noland]]''.
 
Neffens Franz sels is er troch gjin ien yn it bysûnder beynfloede, al hat er wol altiten [[Fred Harman]] hiel bot bewûndere. <ref>Zozolala, nûmer 27, side 8''. </ref> It wurk fan Franz ûnderskiedtûnderskiedet him troch realistyske tekeningen mei in protte aksje, beriden hynders, en tekene fanút alle gesichtpunten. Hy hie in foarkar foar it tekenjen fan hynders en it is te sjen dat dat him maklik ôfgie. Wat opfalt yn syn ferhalen is, dat de froulju faak in sterke persoanlikheid hawwe en likegoed fjochtsje kinne as de manlju. Yn syn lêste grute rige dêr er oan wurke "Poupée d'ivoire" (Nederlânsk: ''Lotusbloem''), komt nochal wat geweld foar.
 
Wa't de tekenteltsjes fan Franz lêst sil konfronteare wurde mei tema's dy't in wisse ivichheidswearde hawwe, mar wol wat kleurd binne troch it tiidrek dêr't sy yn ûntstean binne: de jierren santich. Trije tema's kinne as typysk Franz beskôge wurde en binne karakteristyk foar dy tiid; de frou as lykweardich (en yn sommige opsichten better) fan de man; de natoer dy't ferheven is boppe technyske ûntwikkelingen; en de op 'en nij ûntdekking fan oare kultueren en wurdearring fan de [[mystyk]]. <ref>Zozolala, nûmer 166.''. </ref> Dochs sille syn strips ek foar letter generaasjes goed lêsber bliuwe omdat Franz in ambachtlike oanpak fan tekenteltsjemeitsje hie. Syn tekenwurk is tagonklik en werkenber, it hat faazje en it ûnderskiedt him troch in konstante kwaliteit.