Meklenburch-Foarpommeren wurdt yn it noarden begrinze troch de [[Eastsee]], dêr't grutte [[eilân|eilannen]] lizze as [[RügenRugen]] en [[Usedom]] en in rige lytsere eilannen. De neistlizzende dielsteaten binne [[Sleeswyk-Holstein]] yn it westen, [[Nedersaksen]] yn it súdwesten en [[Brandenburch]] yn it suden. Yn it easten grinzet er oan [[Poalen]] ([[West-Pommeren]]). Yn it súdwesten foarmet de [[Elbe]] de grins fan de dielsteat en yn it easten de [[Oder]]. Grutte stêden binne njonken Rostock en Schwerin ek [[Stralsund]], [[Greifswald]], [[Wismar]] en [[Neubrandenburch]].