Franz Drappier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wat krekter
Rigel 8:
Neffens Franz sels is er troch gjin ien yn it bysûnder beynfloede, al hat er wol altiten [[Fred Harman]] hiel bot bewûndere. <ref>Zozolala, nûmer 27, side 8''. </ref> It wurk fan Franz ûnderskiedet him troch realistyske tekeningen mei in protte aksje, beriden hynders, en tekene fanút alle gesichtpunten. Hy hie in foarkar foar it tekenjen fan hynders en it is te sjen dat dat him maklik ôfgie. Wat opfalt yn syn ferhalen is, dat de froulju faak in sterke persoanlikheid hawwe en likegoed fjochtsje kinne as de manlju. Yn syn lêste grute rige dêr er oan wurke "Poupée d'ivoire" (Nederlânsk: ''Lotusbloem''), komt nochal wat geweld foar.
 
Wa't de tekenteltsjes fan Franz lêst sil konfronteare wurde mei tema's dy't in wisse ivichheidswearde hawwe, mar wol wat kleurd binne troch it tiidrek dêr't sy yn ûntstean binne: de jierren santich. Trije tema's kinne as typysk Franz beskôge wurde en binne karakteristyk foar dy tiid; de frou as lykweardich (en yn sommige opsichten better) fan de man; de natoer dy't ferheven is boppe technyske ûntwikkelingen; en de op 'en nij ûntdekking fan oare kultueren en wurdearring fan de [[mystyk]]. <ref>Zozolala, nûmer 166., side 9''. </ref> Dochs sille syn strips ek foar letter generaasjes goed lêsber bliuwe omdat Franz in ambachtlike oanpak fan tekenteltsjemeitsje hie. Syn tekenwurk is tagonklik en werkenber, it hat faazje en it ûnderskiedt him troch in konstante kwaliteit.
 
=== Postúm ===
Rigel 47:
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Boarne:'''
* ZozoLala, diel 27, maaie/juny 1988.
* ZozoLala, diel 166, juny/july 2009
 
'''Fuotnoat:'''