Rivier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: uz:Daryo
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Delta - Verwijzing(en) gewijzigd naar rivierdelta
Rigel 38:
As in rivier nei syn mûning streamt, feroaret it lân om de rivier hinne faak fan heuvelich nei flak. As it troch it flakke lân streamt wurdt de rivier wider en stadiger. In wide trage rivier hjit in "âlde rivier". In âlde rivier streamt faak oer nei in soad delslach oan it begjin fan de rivier. In âlde rivier hat faak hege iggen oan beide siden, de hege iggen wurde [[leidaam|leidamen]] neamd. Ek [[meänder]]t in rivier yn dit stadium faak en as er oerstreamt lit er faak marren efter. Dit type rivier is it meast gaadlik om gewaaks te bouwen. [[Weet]], [[rys]], [[fruit]], [[katoen]], [[gers]], [[tabak]] en [[sûker]] binne soarten gewaaks dy’t groeie oan âlde rivieren.
 
Dêr't in rivier yn de seam útmûnet, streamt de rivier somtiden tige traach troch sân- en dreklân, wêrtroch lytse eilannen ûntstean. De haadstream fan de rivier wurdt brutsen yn allegear parten dy’t ferspraat reitsje yn in trijehoekige foarm, krektlyk as de Grykske letter ‘Delta’. Dit hjit dêrom de "[[rivierdelta|delta]]" fan de rivier. Delta’s binne faak plakken dy’t net goed binne foar de bou fan in stêd of buorkerij, mar wol foar [[fûgel]]s en oar wyldlibben. Delta’s wurde faak feroare ta [[natuergebiet]]en. Net alle rivieren hawwe delta’s. Ferneamde delta’s binne dy fan de [[Nyl]], de [[Amazône]], de [[Mekong]] en de [[Danûbe]].
 
<gallery>